Innofest

Innofest biedt festivals oan as libbene laboratoariums: in feilich, mjitber plak wêr’t fernijers harren prototypen teste kinne. Ast in nij produkt of tsjinst lansearje wolst, wolst ommers earst wol witte oft it echt wurket.

De festivals wêr’t Innofst mei gearwurket binne Eurosonic Noorderslag, Oerol, FestiValderAa, TT Festival, Welcome to The Village, Paradigm, Noorderzon en Into The Great Wide Open. Innofest sjocht dizze festivals as tydlike miny-maatskippijen. Krekt as yn it echt binne dêr útdagingen op it mêd fan ûnder mear wetter, iten, logistyk, enerzjy en ôffal. Ek festivalbesikers hâlde en drage harren yn sekere sin itselde as yn de echte wrâld: se bewege, ite en sliepe. It ferskil mei de echte wrâld is dat der in hek om it festivalterrein stiet en dêrmei alles te mjitten is. Dit makket festivals in perfekte testomjouwing om meielkoar te wurkjen oan prototypes en ynnovaasjes. 

Sûnt 2016 helpt Innofest alle jierren 30 ûndernimmers, startups of studinten om har ynnovaasje te testen op in festival. Sa testen se ûnder mear in app dy’t lûdsbelibbing mjit, duorsume akku’s en smartgrid-oplossingen, sensoaren om minskemassa’s te mjitten en in pop-up fersekering foar in tydlike mienskip.

Bekijk de verschillende festivals

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators