kening fan 'e greide

Trijeris hoera foar bioferskaat yn Fryslân. Nearne fynst sa’n ôfwikseljend lânskip as yn de noardlike provinsje. Wetter, wâlden, waad, feanpolders en grutte greiden wikselje inoar ôf. Dit ferskaat driget te ferdwinen. Kening fan ‘e Greide bringt yn 2018 in oade oan ús prachtige omjouwing.

Us ûnderskate lânskip, iuwenlang sa fanselssprekkend en karakteristyk foar Fryslân, driget te ferdwinen en makket plak foar ûnbegrinze gerslannen. Mei it ôfnimmen fan de fariaasje ferdwine ek de geuren, kleuren en lûden dy’t by it lânskip hearre. Dy’t by Fryslân hearre.

Kening fan ‘e Greide
Safier mei it net komme, fynt boargerinisjatyf Kening fan ‘e Greide. De groep set him al jierren yn foar it greide(fûgel)lânskip. Kening fan ‘e Greide lit ús de pracht fan it lânskip sjen én stelt ús de fraach: yn hokker lânskip wolle we eins libje?

Oade
Kening fan’e Greide presintearret sympatike, kreative en somtiden konfrontearjende foarstellingen dy’t in oade bringe oan it natuerlike ferskaat fan Fryslân. Kening fan ‘e Greide trapet ôf mei nijjierskonserten fan it Nederlands Blazers Ensemble yn Amsterdam en Ljouwert. Kinst dêr net by wêze? Gjin noed, de VARA stjoert de konserten ek út.

Foarstellingen
It Natuurmuseum Fryslân, yn it sintrum fan Ljouwert, feroaret ûnder rezjy fan Theun Mosk yn it Grote Grutto Theater. Op in eachferblynjende bûtenlokaasje komt muzykteaterfoarstelling Conference of the Birds mei hûnderten blazers, it Noord Nederlands Toneel en dûnsselskip Club Guy & Roni. Op ferskate lokaasjes, yn en bûten Fryslân, presintearret Pier21 de oangripende foarstelling Koning van het Grasland. Wa’t de pracht fan it lânskip wier ûnderfine wol, kiest foar Ontwakend Landschap, in nachtlike ekspedysje yn de natuer dy’t einiget yn de skientme fan it earste deiljocht.

Fier it libben
Mei in oansteklike miks fan kennis (as fûnemint), kultuer (as ynspiraasje) en ynnovaasje (as frucht) sprekt Kening fan ‘e Greide in hieltyd grutter wurdend publyk oan. Kening fan ‘e Greide is wat tematyk oanbelanget ferwant oan Silence of the Bees. Meiinoar fiere we it bioferskaat. Meiinoar fiere we it libben. Yn 2018, en dêrnei.

Besjoch de ferskillende subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators