Ontwakend Landschap is de ultime belibbing fan it lânskip. Tolve oeren lang. Fan sinneûndergong oant -opgong. Dielnimmers sjogge, hearre, rûke, priuwe en fiele it lânskip op in wize dy’t se net earder belibben. Ontwakend Landschap is al yn 2017 begûn op fjouwer plakken yn Fryslân. Yn 2018 giet de 12-oers- belibbing Europa yn. Mei de skries as gids wurde bysûndere plakken oandien. Fan it Spaanske Doñana en de Portugeeske Taag fia it Frânske Rochelle werom nei de briedgebieten yn Nederlân. Diner en foarstelling Gasten wurde op ‘e betide jûn ferwolkomme op in spesjale bûtenlokaasje. De jûn begjint mei in streekeigen diner, folge troch in by it tema passende foarstelling. In ôfwikseljend, kwalitatyf programma dat de persoanlike kant fan bioferskaat beljochtet. Tink hjirby oan Koning van het Grasland (fan de makkers fan Mansholt) en de foarstelling Wachter fan sjongeres Nynke Laverman.

Besjoch de ferskillende subprojekten

Conference of the Birds

Expedities

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators