It is 1818 en der hearsket earmoed yn Nederlân. Generaal Johannes van den Bosch wol mei saneamde lânbou-proefkoloanjes it tij keare. Tidens Ljouwert-Fryslân 2018 wurdt it twahûndertjierrich bestean fan syn Maatschappij van Weldadigheid fierd. Under mear mei de byldzjende keunstmanifestaasje ‘IntoNature’ en it muzykteater ‘Welstaat’.

Generaal Van den Bosch leaude yn it Ferljochtingsprinsipe: de minsk kin himsels ferheffe troch de wrâld en de natuer nei syn hân te setten. Hy woe earme húshâldings in better libben jaan en liet se nei Drinte ferhúzje, wêr’t se yn in koloanje de woeste grûnen fan Drinte bewurkje moasten.

Grinsregio
Fjouwer fan de sân Koloniën van Weldadigheid ûntstienen yn de grinsregio fan Fryslân en Drinte, yn de buert fan Frederiksoord. De monumintale gebouwen fan de koloanjes en de omlizzende natuer fan it Drintsk-Fryske Wold foarmje it dekôr foar de kulturele programma’s fan 2018.

Muzykteater Welstaat
Yn it muzykteater ‘Welstaat’ wurdt de ferbining lein tusken twahûndert jier lyn en no. Tusken de utopyske gedachte om mei de koloanjes earmoede út te rûgjen en de stribbige realiteit fan hjoed de dei, wêryn’t earmoede noch altyd folop bestiet. Byldzjend teater en ferskate muzykstilen fiere it publyk mei troch de Koloniën, rjochting in bysûnder slotspektakel. ‘Welstaat’ wurdt yn septimber útfierd troch it Kameroperahuis.

Ynternasjonale eksposysje IntoNature
Dêrneist wurdt yn it Koloniëngebiet de eksposysje ‘IntoNature’ hâlden. Besikers folgje in rûte mei wurken fan ynternasjonaal oansprekkende keunstners as Katie Paterson, Edward Clysdale Thomson, Herve Youmbi, Susan Philipsz, Heather en Ivan Morison, Sarah van Sonsbeeck, Anne Geene en Roderick Hietbrink.

Lokaasjes
De eksposysje hat trije lokaasjes: it Holtingerveld, ien fan de tsjusterste plakken fan Nederlân, de koloanje yn Frederiksoord en de eardere túnbouskoalle, ien fan de earste stikken ‘oerdekte natuer’ fan de wrâld. Mei-inoar litte de lokaasjes de spanning sjen tusken natuer en kultuer, tsjuster en ljocht, behearsking en frijheid.

Wrâlderfgoed
It liket derop dat der yn 2018 noch in hichtepunt is: de úteinlike tawizing fan de Koloniën van Weldadigheid ta UNESCO Wrâlderfgoed. De útspraak hjieroer stiet pland om ende by july. Sadree’t de erkennig definityf is, wurdt dit programma bekend makke.

Besjoch hjir alle subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators