Lân fan Taal

Om it Aldehoustertsjerkhôf, Tresoar en Histoarysk Sintrum Ljouwert hinne, trefst yn 2018 in knetterjende kakofony fan taal. In head quarter wêr’t taal gjin grinzen hat en we de fantasy loslaten op ús wurden. Sjochst keunstsinnige projeksjes op de Aldehou, meist lêze ûnder de rok fan in reuseftich frommes, hearst dichters dy’t op trochreis binne en sjochst nei in teater fan babyloanyske spraakferhelderingen. Der riist sels in taalsintrum út ‘e grûn dy’t ea in tsjerkhôf wie. Lân fan Taal lit dy sjen wat in frijsteat fan taal is.

Jawis, it Frysk is prachtich, mar hoe unyk binne we eins as twatalige provinsje? Kom mar ris yn Londen, Brussel of Amsterdam en harkje nei de tsientallen talen om dy hinne. We wienen der yn Fryslân mei it Frysk, Stellingwerfsk, Biltsk, Nederlânsk, Liwwadders en alle oare talen gewoan betiid by. Dy meartaligens fiere we yn Lân fan Taal, wêr’st it belang en it ferskaat fan taal learst, ûnderfynst en fielst. Net allinne Frysk en Nederlânsk: we dûke yn talen fan oer de hiele wrâld.

We fiere taal it hiele jier  

Yn it Kulturele Haadstêdjier fiere we taal yn Ljouwert om it Aldehoustertsjerkhôf hinne en ek yn de rest fan Fryslân. Mar leafst 44 wiken lang binne we der foar publyk út alle wynstreken en fan alle leeftiden. Mei experiences, eksposysjes, festivals, libbensgrutte projeksjes, in taalgame, apps en in Taalkaravaan dy’t troch de provinsje reizget.

Yn Lân fan Taal is plak foar folle mear as allinne de wurden dy’tst praatst mei de mûle, skriuwst mei de hân (of tikkest mei de tûmen) en hearst mei de earen. Braille, lichemstaal, muzyk en strjittaal jouwe we allegear ûnderdak. Lit dyn taal libje, boartsje dermei en sprek dy út op dýn wize yn Lân fan Taal.

In soad partners yn Fryslân, Nederlân en ynternasjonaal

Lân fan Taal is ûntstien út in gearwurking fan Afûk, Explore the North, Fryske Akademy, Gemeente Ljouwert, Histoarysk Sintrum Ljouwert, Keunstwurk, Neushoorn, Omrop Fryslân, Provinsje Fryslân, Ryksuniversiteit Grins, Tresoar en Tryater. Der wurdt gearwurke mei in soad oare (ynternasjonale) taal- en kultuerynstellings en -inisjativen, lykas Poetry International, Oerol en Poetry Circle.

Untdek de trochrinnende projekten

Besjoch de eveneminten

Untdek it râneprogramma

Erfaar Lân fan taal online

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators