Lost in the Greenhouse
Dit evenemint is ûnderwilens ferrûn.
Lost in the Greenhouse
Tusken de paprika’s en komkommers genietsje fan in muzykteaterfoarstelling. Hoe klinkt dat? Lost in the Greenhouse is in tragysk leafdesferhaal dat him ôfspilet tusken dy grienten. De Poalske kultuer moetet dy fan de Friezen yn in túnboukas op it plattelân.
Yn dy kassen wurkje Fryske en Poalske arbeiders. Griente plôkje fan njoggen oant fiif, feeste oant djip yn ‘e nacht. Der wurdt proaste en praat, rabbe en flirt. Der is rûzje en der ûntsteane freonskippen. De arbeiders foarmje meiinoar in mienskip. Dan leit der ynienen in lyk. Wa is it? Wat is der bart?
It ferhaal fan Wojtek, Freek en Klaske
We folgje de jonge Poal Wojtek op syn reis. Fan it momint ôf dat er ynsjocht dat er yn Poalen gjin takomst hat, oant syn dramatyske ein yn it wetter fan it Fryske lânskip. We folgje ek Freek, de baas fan de kassen, dy’t yn syn eigen oersichtlike wrâld libbet: “De minsk ferskilt minder fan de komkommer as we tinke. Beide dije by in soad ljocht en in goede nachtrêst!”
As Freeks oantreklike dochter har ûnder de plôkers bejout, is Wojtek net de iennige dy’t foar har falt. De kontoeren fan in tragyske leafdesskiednis begjinne him ôf te tekenjen tsjin de eftergrûn fan in bot feroarjende mienskip, de tanimmende arbeidsmigraasje en it driigjende leechrinnen fan it plattelân.
Professionals en lokale amateurs
Lost in the Greenhouse is in produksje fan Skoaboarch De Lawei en muzykteaterselskip Orkater, yn gearwurking mei De Koornbeurs yn Frjentsjer.
Skreaun troch de Fryske Geert Lageveen en Titus Tiel Groenestege, fêste makkers fan Orkater. De komponist is Radek Fedyk.
Yn de haadrol Leopold Witte, Redbad Klijnstra, Maartje van de Wetering, Erik van der Horst en de yn Polen populêre aktrise Emilia Komarnicka. Tegearre mei lokale muzikanten, HaFaBra-orkesten út Fryslân en de band ûnder lieding Radek Fedyk fertelle se dit meisleepjende ferhaal yn in spesjaal foar dizze gelegenheid kweekt dekôr.
Oare projekten
-
Sense of Place
-
At the Watergate
-
Under de Toer