Mata Hari, de mythe en het meisje

Dit evenemint is ûnderwilens ferrûn​. 

Hûndert jier nei har dea, op 14 oktober 2017, presintearret it Fries Museum de grutste Mata Hari-tentoanstelling ea. Oan de hân fan persoanlike besittingen, foto’s, plakboeken, brieven en militêre dossiers komst yn ‘e kunde mei Margaretha Zelle, it famke efter de ikoanyske Mata Hari. Reizgje mei har mei fan har bertestêd Ljouwert nei Nederlâns-Ynje, wêr’t it needlot har efterfolget. Belibje har glorieuze opkomst yn de dûnsteaters fan Parys en ûntdek it web fan yntriizjes wêr’t se tidens de earste Wrâldoarloch yn betiize rekket.

It Fryske famke is op har 29ste in wiere mediahype yn Parys. As Mata Hari betoveret se it societypublyk mei har eksoatyske dûns, wêrby’t se langsum har lichem ûntbleatet. De kranten reitsje net útskreaun oer dizze sensaasje. Tsien suksesfolle jierren lang is har namme synonym foar sensualiteit en glamour. Mar de talleaze affêres mei mannen yn unifoarm en har reizen troch Europa tidens de Earste Wrâldoarloch meitsje har fertocht yn de eagen fan de Frânske geheime tsjinst. Begjin 1917 wurdt se oppakt op fertinking fan spionaazje foar de Dútsers. Mata Hari stjert op 15 oktober fan dat jier foar in Frânsk fjoerpeleton yn de bosken by Parys. 

De myte
Nei har dea groeit Mata Hari út ta in myte. Har libben is ûnderwerp fan withoefolle boeken en sprekt ynternasjonaal ta de ferbylding. Filmstjerren as Greta Garbo, Sylvia Kristel en Marlene Dietrich spylje de rol fan Mata Hari. Se is stylikoan, sekssymboal en femme fatale. Hast gjinien wit dat efter dit wrâldferneamde ikoan in famke út Fryslân skûlet.

It famke
Hoe groeit de dochter fan in wolstelde huoddeferkeaper yn Ljouwert út ta ynternasjonale myte? Wêrop rûn har houlik stikken en hoe trof it needlot Margaretha yn Nederlâns-Ynje? Hokker rol spile it mem-wêzen yn har libben? Wie se in fantast of dochs in spion – en dan foar de Dútsers of dochs foar Frankryk, of foar beide?

De tentoanstelling ‘Mata Hari: de mythe en het meisje’ wurdt mei mooglik makke troch Provinsje Fryslân, VSBfonds, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis, Fonds Bolsward Dronrijp 1993, Stichting Siebolt Foundation, Stichting Juckema-Sideriusfonds en Boelstra Olivier Stichting. It Fries Museum wurdt mei-finansearre troch de Ir. Abe Bonnema Stichting, de Provinsje Fryslân, it Samenwerkingsverband Noord-Nederland, EZ/Kompas, de BankGiro Loterij en Aegon.

Besjoch ek:

Escher op reis

28 april o/m 28 oktober - Fries Museum 

Phantom Limb

25 jannewaris 2018 o/m 6 jannewaris 2019 - Fries Museum 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators