Opera Spanga

In klassiker yn in hyperaktueel jaske: dat is de útfiering fan Aida troch Opera Spanga, tidens Ljouwert-Fryslân 2018. In opera oer oarloch, haat, leafde en ferjeffenis. In opera dy’t omtinken freget foar wrâldkonflikten lykas de oarloch yn Syrië en de nutteleazens en ferwoastjende krêft dêrfan sjen lit. In opera dy’t ropt om frede, mar boppe alles in opera dy’t dy yn dyn hert reitsje sil.

Yn Aida, de klassike opera fan Giuseppe Verdi, komt de leafde yn konflikt mei de oarloch. God wurdt foar de striidwein setten, út syn namme wurdt der moarde en plondere. Corina van Eijk, artistyk lieder fan operaselskip Opera Spanga, sjocht hoe’t Aida as gefolch fan hjoeddeiske wrâldkonflikten spitigernôch wer aktueel wurdt.

Stof ta neitinken
Yn 2018 presintearret Opera Spanga har eigen ferzje fan Aida. Dizze ferzje fan de opera lit sjen dat oarlogen net mear fan dizze tiid binne en allinne mar ferliezers kenne. In taak dy’t oan Opera Spanga tafertroud is: it selskip stiet bekend om it kreëarjen fan in teatrale belibbenis dy’t it publyk nije ynsichten en stof ta neitinken jout.

De Rottige Meente as poadium 

Njonken de operafoarstelling organisearret Opera Spanga in râneprogramma: De Rottige Meente als podium. Ek dit programma lit ús sjen hoe nutteleas en desastreus haat, wraak en oarloch binne. It bestiet ûnder mear út trije nij komponearre triomfmarsen yn gearwurking mei it Kulturele Haaddoarp De Hoeve, in fototentoanstelling fan Noorderlicht, in teatraal-digitaal eksperiment ‘The Lab for Hidden Humanity’ yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam, en in eksposysje fan keunstner Dirk Kerst Koopmans.  

Besjoch ek

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators