Oranjewoud Festival
-
Oranjewoud festival
paradyslik klassyk
Oranjewoud Festival is it iennige festival fan ‘e wrâld wêr’t ferneamde musisy oan dyn bêd sitte om dy yn ‘e sliep te spyljen. Wêr’st tidens in stiltekonsert lûdop mei dyn buorman prate meist en wêr’st letterlik fuortdriuwe kinst op de muzyk. Tsien dagen lang is it griene Parklandschap Oranjewoud it klopjende klassike hert fan Ljouwert-Fryslân 2018.
Grinsleaze toanen
Ynternasjonale konserten op bysûndere lokaasjes, mei topmusisy út hiel Europa. Fan Nigel Kennedy oant Calefax en fan Francesco Tristano oant Noa Wildschut strike hjir del om fan it lemieren fan ‘e dei oant yn de lytse oerkes konserten te jaan. Yn prachtige túnen en histoaryske bûtenpleatsen mar ek yn tipi’s, in ûndergrûnske bunker en gigantyske plestik bubbels.
En dan is der noch it hearlike festivalhert De Proeftuin. Picknicke yn it gers, nei muzyk lústerje ûnder de beammen, bokjespringe, ite, drinke, laitsje en ûntspanne. Jong en âld fermakket him hjir poerbêst.
Foar kenners en nijkommers
Ofst no in betûfte konsertbesiker bist, in kulturele aventurier of op paad bist mei de hiele húshâlding, fynst altyd dyn plak op Oranjewoud Festival. Begjinst yn it festivalhert De Proeftuin, dat fergees tagonklik is. It festival wurdt organisearre troch Stichting Oranjewoud Festival, ûnder artistike lieding fan Yoram Ish-Hurwitz.
Besjoch ek
-
Places of hope
-
Potatoes Go Wild