Hoe kin de ierappel in boarne fan ynspiraasje wêze? Wat foar rol kin de ierappel yn de keunst spylje? En wêr komme de ierappels wei dy’t wy ite? Potatoes Go Wild lit sjen dat de ierappel noch fólle mear is as allinne mar iten. Kinst der ek bêst nei sjen!

Under de namme ‘Bildtse Aardappelweken’ set It Bilt, ierappelhaadkertier fan Fryslân, de ierappel yn it sintsje. Yn 2018 krijt it evenemint de namme ‘Potatoes go Wild’ en rikt se – ûnder mear mei it projekt Poetic Potatoes – fier oer de gebietsgrinzen hinne nei Malta. Mei dit eilân, wêr’t yn 2018 de oare Kulturele Haadstêd fan Europa leit, wurket It Bilt al 160 jier gear. En sûnt 2014 hat dizze gearwurking in nije diminsje troch in poëzy-útwikseling yn poatierappelsekken.

Ierappelkeunst   
Oare projekten binnen Potatoes Go Wild bliuwe tichter by hûs. ‘Fruchtbere Grônd’ lit bygelyks 25 keunstners út West Fryslân, Fryslân en it Dútske Ost- en Nordfriesland eksposearje yn sân ierappelskuorren lâns de Aldebiltdyk. ‘Altyd Seumer’ is in muzykteaterfoarstelling op in ikker by Swarte Hoanne, oer ús gewoante om iten te fergriemen. Yn Natuurmuseum Fryslân is ein 2018 de ierappeleksposysje  ‘Kûnstsinnige Eerappels’ te sjen: keunstners meitsje op it plak sels keunstwurken fan farske ierappels. Besikers meie meidwaan!

Op besite by de boer
Dêrneist is der omtinken foar de ynhâld. Sa kinst in ikker oan de Aldebiltdyk besykje: dêr sjochst alles oer de gewaaksen dy’t op It Bilt groeiden en groeie, der is in grut fjild mei ierappelrassen en demonstraasjes oer de nijste foarmen fan bedongjen en gewaaksbeskerming.

Yn gearwurking mei Stenden Hogeschool en Agrarische Jongeren Fryslân organisearret Potatoes Go Wild in sympoasium oer de fiedselstring, duorsumens en ynnovaasje. Ek skoalbern dogge mei: bern skriuwe gedichten en meitsje tafelkleden mei in ierappelstimpel.

Ierappels ite yn de ierappelskuorre
Op It Bilt ite wy de ierappels ek, hear. Bist dus hertlik wolkom by ‘Eten bij de boer XL’: yn deselde ierappelskuorren wêr’t de keunstenrs harren wurk tentoanstelle, wurdt in wiidweidich ierappelmiel optsjinne. Ierappels ite tusken de ierappelkeunst yn in ierappelskuorre: dát is Potatoes Go Wild.

Besjoch ek

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators