Festivals ûnder de ReOpening

Noordelijk Film Festival

Besjoch Fryslân út in nij perpsektyf wei ûnder it Noardlik Film Festival. Sa sjochst yn it programma fan Sailing on the Grass hoe’t ynternasjonale filmmakkers nei Fryslân sjogge en ûntdekst mei New Generation wat de nije generaasje filmmakkers yn ‘e hûs hat. Ferwachtsje nagelnije spylfims, yntrigearjende dokumintêres, bysûndere arthouse cinema, spesjale premjêres, koarte films en klassikers mar ek petearen mei (ynter)nasjonale gasten. Live-muzyk, film & food eveneminten, noflike feestjes en fansels in geweldige sfear.

Lês mear

LUNA

Kuierje troch de stêd yn it tsjuster en lit dy ferrasse troch ljocht- en lûdskeunst fan de meast boeiende ynternasjonale en regionale keunstners. De ferskate keunstwurken litte sjen hoe’t wy mei elkoar en mei ús omjouwing kommunisearje, bringe minsken mei elkoar yn kontakt trochdat der mei-elkoar spile wurdt en kinst sels mei foarmjaan troch oanreitsjen, bewegen of gewoan troch der middenyn te stean.

Lês mear

Explore the North

Explore the North makket gebrûk fan lokaasjes yn ‘e stêd dy’t net altyd tagonklik binne foar it publyk, en transformearret se ta in poadium foar poëzy, muzyk en teater. Ferskate keunstners út Noard-Europa litte hjir harren keunsten sjen. Mei û.o. de Deenske groep Inbetween Music, dy’t in ûnderwetteropera útfiert yn fiif grutte bassins mei wetter,  mei de namme AquaSonic.

Lês mear

Writer’s Block

Keunst bûten de museums, bûten de galeryen, bûten de ateliers. De strjitte as kanvas en eksposysjeromte. Graffity-festival Writer’s Block makket spesjaal foar de ReOpening acht nije stikken yn de binnenstêd fan Ljouwert.

Lês mear

Media Art Festival

De bêste (ynter)nasjonale keunst wurdt nei Fryslân helle ûnder it Media Art Festival. Ferrassende eksposysjes fan jonge en fêstige mediakeunstners nimme dy mei yn harren wrâld.

 

Lês mear
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators