Sailing on the Grass

Sailing on the Grass – ús omgong mei de feroarjende wrâld yn trije ferhalen. Fryslân troch de eagen fan net-Friezen. Ynternasjonale filmregisseurs kreëarje de dokumintêrerige Sailing on the Grass en nimme dy mei yn har eigen byld fan ús provinsje. Under it motto ‘troch de eagen fan in oar kinst better nei dysels sjen’ binne se op syk gien nei kleurrike ynsichten en ferstoppe mooglikheden. Yn in wrâld dy’t groeit en feroaret wint de regio oan belang: mar hoe ferhâldt it him yn in tiid dat just de ferbinende kulturele wearden fan Europa oan krêft ferlieze?

De premjêre fan de films fan Pau Ortiz en Andrea Pellerani fynt plak ûnder it Noardlik Film Festival 2018 op sneon 10 novimber yn De Harmonie yn Ljouwert en se wurde by Omrop Fryslân op NPO2 útstjoerd op 17 en 18 novimber (Zoals zij) en 24 en 25 novimber (Zwitserse kust). Boppedat is der in edukatyf programma oan de films ferbûn dat ûnder it New Generations-programma presintearre wurdt op it Noardlik Film Festival op 10 novimber op Teaterskip De Bald’r. De film van Balasz Simonyi hat syn premjêre op it Noardlik Film Festival 2019.

Sa is der foar elk wat. Komst ek te sjen?

Sailing on the Grass is een productie van DOXY in co-productie met Omrop Fryslân.
Mede mogelijk gemaakt door: Leeuwarden-Fryslân 2018, de Waddenacademie, Vluchtelingenwerk en het Prins Bernhard Cultuurfonds.

Nei in konsept fan Klaas Toering.

Auteursrjocht kampanjebyld: Annemarie Bergfeld

Besjoch hjir de films

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators