Sense of Place

Hoe kinst eat sa alderivichste moai as It Waad no nóch moaier meitsje? Joop Mulder, eardere Oerol-direkteur, wit it. In griene dyk yn de kontoeren fan in wielderich neaken of in bûtendyks swimbad oan in pier. Kwelders yn de foarm fan in Mondriaan-skilderij of in houten heliosteat dy’t sinneljocht en tijen wjerspegelet.

It lânskip yn it noarden is unyk. It hat in rike skiednis en in prachtige natuer. De projekten fan Sense of Place meitsje dy unike wearden sichtber of sels taastber foar in grut publyk. Guon keunstprojekten besteane al langere tiid en wurde troch Sense of Place opnij ûnder de oandacht brocht, oaren wurde spesjaal foar it projekt makke.

Lâns de folsleine Waadseekust, fan Den Helder oant de Dollard, ferriist sa in bysûnder lint fan mear as 25 ynnovative, grutte keunstwurken en bysûndere lânskipsarsjitektuer.

Lokale befolking
De lokale befolking en ûndernimmers spylje in grutte rol by it ta stân kommen fan de projekten. Hja fertelle har ferhaal. Oer hoe’t se libje, wat se meimeitsje. It binne harren ferhalen dy’t de wurken ekstra oanlûkingskrêft en betsjutting jouwe: a Sense of Place.

Joop Mulder en fyftich organisaasjes
Sense of Place is in inisjatyf fan Joop Mulder, oprjochter en âld-direkteur fan Oerol. Mear as fyftich organisaasjes wurkje al mei oan it projekt: fan natuer- en lânskipsorganisaasjes oant wolwêzenorganisaasjes en oerheden. Meiinoar realisearje se in bysûndere rûte lâns de Waadseekust dy’t toeristen de skientme fan it gebiet sjen lit en it noarden nij libben ynblaasd.

Besjoch hjir alle subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators