Silence of the Bees: yn aksje foar de bij

De bij hat it dreech yn Nederlân. Sa dreech sels, dat er driget út te stjerren. Tiid foar aksje! Yn 2018 stiet De Kruidhof yn Bûtenpost, de grutste krûdetún fan Europa, stiif fan de bije-aktiviteiten tidens Silence of the Bees.

Silence of the Bees freget omtinken foar de bij. Mei byld, taal, muzyk, keunst, kultuer, iten en lêzingen set it projekt de lytsje, giele gûnzer op in fuotstik. Besikers ferdjipje harren yn it bijelibben en leare bygelyks hoe’t se harren eigen tún ta in paradys foar bijen meitsje kinne. Ynteressant foar folwoeksenen, mar grif ek leuk foar bern. De Kruidhof krijt yn 2018 in Oratorio, in libbensgrutte skulptuer dy’t de besikers ûnderdompelet yn wol hiel bysûndere muzyk: makke troch bijen.

Bumblebee Rapsodie
Op 21 juny 2018 klinkt yn trije Europeeske botanyske túnen yn Bûtenpost, Emden en Oldenburg boppedat de Bumblebee Rapsodie. Dit muzykstik is makke fan bijelûden, ôfkomstich út ‘tûke’ hommelkasten op skoallen yn de Eems-Dollard regio. Mei dizze kasten dogge bern sels ûndersyk nei de optimale libbensomstannichheden foar bijen. Dêrby sammelje se ferskillende bijelûden, dy’t brûkt wurde foar de Bumblebee Rapsodie. Tegearre mei twa muzykopliedingen komponearje de skoalbern de Bumblebee Rapsodie.

Inisjatyfnimmers
Silence of the Bees wurdt makke troch De Kruidhof yn Bûtenpost, yn gearwurking mei de botanyske túnen fan Oldenburg en Emden. It projekt B-RAP wurdt yn it ramt fan it INTERREG V A-Programma Deutschland-Nederland meifinansearre troch it Europese Fonds voor Regionale Ontwikkeling (EFRO) en troch Niedersachsen en Provinsje Fryslân.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators