-
Strangers on stage
Stiesto iepen foar watst net kenst? Hoe tinkst oer ien dy’t oars is, tinkt of docht? Koartsein: hoe iepen is ús mienskip? Dy fraach stelt Strangers on Stage, it ynternasjonale teaterprogramma fan Ljouwert–Fryslân 2018. In jier fol mei shows foar leafhawwers fan ynternasjonaal teater, mar ek mei ynternasjonale topfoarstellingen as Slava’s SnowShow en it European Stand Up Comedy Festival foar elkenien.
Oars doare te wêzen
De foarstellingen binne skerp en konfrontearjend, betoverjend en ynspirearjend. Se binne swiid, bombastysk, lyts en yntym. Se konfrontearje it publyk mei de grinzen fan har iepenheid en roppe op om ‘it oare’ te koesterjen en sels oars doare te wêzen. En elkenien docht mei. Migranten, ûntdekkingsreizgers, ienlingen, striders, dreamers en helden mei in ferburgen skiednis; se komme allegearre op ‘e planken.
Premjêres
Strangers on Stage presintearret ferneamde, oer de hiele wrâld spyljende foarstellingen foar it earst yn Nederlân, lykas Pluto fan it Japanske Bunkamura Theatre Cocoon yn gearwurking mei de Flaamsk-Marokkaanse koreograaf Sidi Larbi.
Ek binne der foarstellingen dy’t yn 2018 harren wrâldpremjêre hawwe. Koreograaf Johan Greben fan it Israëlysk-Nederlâns koreografeduo IVGI&GREBEN komt dêrfoar nei jierren werom nei syn bertestêd Ljouwert mei de premjêre fan We Are in Trouble. Oare ynternasjonale edelstiennen, yn in ryk programma, binne Wunderbaum en Aurelien Bory
Masterclasses en workshops
Njonken foarstellingen steane der ek workshops en masterclasses op it programma foar elkenien dy’t ynteresse hat yn teater, fan professional oant amateur.
Strangers on Stage is in gearwurking fan it Nederlands Theater Festival, Stedsskouboarch De Harmonie en Ljouwert-Fryslân 2018.
Besjoch hjir alle subprojekten
Zeil mee met beurtveer Heeg - Balk
Zeil mee met beurtveer Heeg - Balk
Immediately bookable
oant 'e mei 29 septimber
Stroomopwaarts Het Nationaal Vlechtmuseum
Stroomopwaarts Het Nationaal Vlechtmuseum
oant 'e mei 24 augustus
Mai van Oers: Toen kwamen de wolven
Mai van Oers: Toen kwamen de wolven
oant 'e mei 17 july
Rondvaart met klassieke motorboot 'Bodensee'
Rondvaart met klassieke motorboot 'Bodensee'
Immediately bookable
oant 'e mei 15 septimber
Rondvaart Makkum met It Preamke
Rondvaart Makkum met It Preamke
Immediately bookable
oant 'e mei 27 oktober
À la campagne: het Franse licht van Maris tot Monet
À la campagne: het Franse licht van Maris tot Monet
oant 'e mei 17 july
Duurzame Krioel-route door Leeuwarden
Duurzame Krioel-route door Leeuwarden
oant 'e mei 1 maaie 2023
BoskLab: Marthe Naber Heuer - ADEM!
BoskLab: Marthe Naber Heuer - ADEM!
oant 'e mei 14 augustus
BoskLab: Kroft&Smids - Midzomernachtlicht
BoskLab: Kroft&Smids - Midzomernachtlicht
oant 'e mei 22 july
Tentoonstelling: Jeanne Bieruma Oosting en Beetsterzwaag
Tentoonstelling: Jeanne Bieruma Oosting en Beetsterzwaag
oant 'e mei 30 septimber
Besjoch ek
-
the sea! the sea!
-
under toer