Ferrassende konserten, bysûndere cross-overs en muzikale keunststikjes op ûnbekende plakken, dat is Never Ending Orchestra (NEO). Yn 2018 wurde oeral yn Fryslân konserten organisearre om safolle mooglik minsken genietsje te litten fan muzyk én it meitsjen derfan.

Never Ending Orchestra is in jier lang ít poadium foar muzikanten: jong of âld, amateur of professional. Elke regio fan Fryslân krijt in eigen NEO-programmearring en spesjale NEO-konserten, NEO-festivals of talintepoadiums. Elke muzikaak lid fan de Fryske mienskip wurdt útdage om mei te dwaan.

Ljouwert as middelpunt
Ljouwert foarmet it middelpunt fan Never Ending Orchestra. Fan maaie oant ‘e mei septimber 2018 telt de binnestêd ferskate NEO-poadiums wêr’t trochrinnend muzikaal talint te hearren wêze sil. Pop, klassyk, urban, punk, koaren, opera, kwartetten, muzykteater, brassbands: de programmearring is ûnderskaat. Ek bûten de binnenstêd programmearret NEO konserten yn parken en grêften en fansels op oare bysûndere plakken, wêr’t je sa gau net muzyk ferwachtsje soenen.

Fan fersoargingstehûzen oant revalidaasjesintrums
Never Ending Orchestra wol elkenien genietsje litte fan muzyk. Muzyk bringt blydskip, mar kin ek treast biede of krêft jaan. Dêrom wurde ek plakken wêr’t gewoanwei net folle muzyk te hearren is net fergetten. Der binne optredens yn bygelyks sikehûzen, fersoarginstehûzen, opfangsintrums of revalidaasjesintrums. Soms terapeutysk, soms ta fermaak of ôflieding. Mar altyd mei elkoar.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators