1 Definysjes

De hjirnei mei in haadletter oantsjutte begripen hawwe yn dizze Algemiene Betingsten de neikommende betsjutting:

a.      Evenemint: it organisearre barren, lykas in barren fan muzikale, kulturele, sportive en/of rekreative aard, wêrfoar’t LF2018/Friesland.nl Tickets ferkeapet;

b.      Produsint: de natuerlike of rjochtspersoan dy’t in Evenemint produsearret of organisearret en dêrfoar ferantwurdlik is;

c.       Klant: de natuerlike of rjochtsperson mei wa’t LF2018/Friesland.nl in oerienkomst oangiet betrekking hawwend op in Evenemint, of oan wa’t LF2018/Friesland.nl dêrta in oanbieding docht;

d.      Oerienkomst: de oerienkomst tusken LF2018/Friesland.nl en Klant om Tickets foar Eveneminten te krijen;

e.      Ticket: it dokumint dat tsjinnet as tagongsbewiis foar in Evenemint, wêrûnder mei begrepen elektroanyske Tickets;

f.        LF2018: de stichting LF2018, organisator fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018, fêstige yn Ljouwert;

g.      Friesland.nl: online platfoarm fan Merk Fryslân, fêstige yn Ljouwert;

h.      Upsell: de ferkeap fan oanfoljende produkten of tsjinsten troch LF2018/Friesland.nl út namme fan harsels of yn opdracht fan tredden.

 

2 Tapaslikheid Algemiene Betingsten

a.      Dizze Algemiene Betingsten binne fan tapassing op alle oanbiedingen fan, bestellingen by, rjochtsbannen en oerienkomsten wêrby’t LF2018/Friesland.nl produkten of tsjinsten fan hokker aard ek oan Klant leveret, ek as dizze produkten of tsjinsten net (neier) yn dizze Algemiene Betingsten omskreaun binne.

  1. Op de Oerienkomst binne fan tapassing de algemiene betingsten fan de Produsint fan it Evenemint.

3 Ta stân kommen Oerienkomst

a.      Of it moat wêze dat skriftlik oars oerienkaam is binne alle oanbiedingen, dêrûnder begrepen advertinsjes en priislisten sa’t neamd op de webside fan LF2018/Friesland.nl frijbliuwend.

b.      LF2018/Friesland.nl is by it oanbieden en ferkeapjen fan Tickets bemiddeler by it ta stân kommen fan de Oerienkomst tusken Keaper en Produsint. LF2018/Friesland.nl is gjin partij by de Oerienkomst dy’t ta stân komt by de oankeap fan in Ticket. De Oerienkomst komt ta stân nei’t Klant fia LF2018/Friesland.nl ien of mear Tickets kocht hat. LF2018/Friesland.nl ferskaft de Tickets út namme fan Produsint.

c.       Klant moat foar’t er syn reservearring befêstiget altyd goed kontrolearje oft de juste Tickets reservearre binne. Klant moat by it meitsjen fan de reservearring altyd in klopjend (e-mail)adres brûke. As Klant kiest foar it fia de elektroanyske wei krijen fan Tickets, berêst it risiko foar ferlies, dieverij of misbrûk fan it Ticket by Klant fan it momint ôf dat de Tickets oan it troch Klant opjûne e-mailadres tastjoerd binne. As twivele wurdt oan de krektens fan de gegevens dy’t Klant ynfierd hat by de bestelling, kin LF2018/Friesland.nl kontakt mei Klant opnimme mei help fan de gegevens dy’t Klant ynfierd hat. As LF2018/Friesland.nl Klant net berikke kin en de gegevens dêrom net kontrolearje kin, kin LF2018/Friesland.nl derta oergean de reservearring te annulearjen en de Tickets noch te ferkeapjen oan in oare Klant. As LF2018/Friesland.nl twivelet oan de krektens of de jildichheid fan de troch Klant by de bestelling ynfierde gegevens of it troch Klant brûkte betelmiddel, dan hat sy it rjocht om de reservearring fan Klant te annulearjen en de Tickets noch te ferkeapjen oan in oare Klant. LF2018/Friesland.nl sil har ynspanne om Klant yn sa’n gefal te ynformearjen. Elke Oerienkomst wurdt oangien ûnder de útstelde betingst fan foldwaande beskikberens fan de oanbelangjende produkten of tsjinsten.

d.       LF2018/Friesland.nl en/of Produsint behâlde har it rjocht foar om in maksimun te stellen oan it oantal te reservearjen/keapjen Tickets. It maksimumoantal te reservearjen/keapjen Tickets wurdt per Evenemint bepaald. It maksimumoantal is oanjûn op de pagina fan it Evenemint en wurdt per transaksje kontrolearre. Dit wurdt dien om misbrûk fan de webside en ûnearlike kaart(fer)keap praktiken tsjin te gean. As der fêststeld wurdt dat oer it maksimumoantal hinne gien is, troch ien of meardere mei elkoar ferbûne Klanten of gebrûkers (bygelyks troch ferskillende betelkaarten te brûken of troch oankeapen fan meardere leden fan in húshâlding), of op automatisearre wize, dan hat LF2018/Friesland.nl it rjocht om dizze reservearring/oankeapen te annulearjen. It brûken fan automatisearre middels by it reservearjen/keapjen fan Tickets is te’n strangste ferbean.

e.      LF2018/Friesland.nl hat de mooglikheid om by de ferkeap fan Tickets Upsell-aktiviteiten te ferjochtsjen. As LF2018/Friesland.nl produkten of tsjinsten fan tredden fia dizze aktiviteit ferkeapet, sille op de (levering fan) de oanbelangjende produkten of tsjinsten, yn oanfolling op de Algemiene Betingsten fan LF2018/Friesland.nl, de betingsten fan dizze tredde partij op de Oerienkomst fan tapassing wêze, wêrby’t yn gefal fan konflikt tusken beide betingsten, de betingsten fan LF2018/Friesland.nl …

f.        Tickets kinne net retoernearre wurde. It bepaalde yn artikel 6:230p sub e BW is fan tapassing op Tickets.

  1. Tickets kinne mooglik ruile wurde by de Produsint. LF2018/Friesland.nl kin de keaper allinne mar trochferwize en kin dit net út namme fan de Produsint dwaan.

 

 4 Prizen en betelling

a.      LF2018/Friesland.nl ferkeapet Tickets út namme fan Produsint dy’t de priis en it oantal beskikbere plakken bepaald. Ynformaasje oer priis en beskikberens wurdt frijbliuwend en ûnder foarbehâld jûn.

b.      Klant betellet foar de fia de webside bestelde produkten of tsjinsten, de yn de oerienkomst neamde priis. Betelling fynt plak op de wize sa’t oanjûn stiet op de webside fan LF2018/Friesland.nl. Oan de bestelling kinne neiere (betellings-/bestel)betingsten steld wurde.

c.       Alle prizen fan LF2018/Friesland.nl sa’t neamd op de webside binne yn euro’s ynklusyf BTW, of it moat mei klam oars fermeld wêze.

  1. LF2018/Friesland.nl bringt by elke bestelling servicekosten yn rekken.

5 Ofseine of ferskode Eveneminten

  1. LF2018/Friesland.nl is net oanspraaklik foar fergoeding of restitúsje fan yntreejilden by in mooglike annulearring fan in Evenemint troch de Produsint, of troch de hâlder fan de Lokaasje (ek yn gefal fan fallisemint fan ien fan beide).
  2. It is de ferantwurdlikheid fan Klant om nei te gean of in evenemint ôfsein is of ferskood en wat de nije tiid of lokaasje wêze sil. Hoewol’t LF2018/Friesland.nl besykje sil Klant fan de ôfsizzing op ‘e hichte te bringen nei’t LF2018/Friesland.nl de nedige ynformaasje fan de Produsint ûntfongen hat, kin LF2018/Friesland.nl net garandearje dat Klant fan de ôfsizzing op ‘e hichte brocht wurdt foar de datum fan it Evenemint. LF2018/Friesland.nl is net ferantwurdlik foar mooglik makke kosten. 
  3. Tickets fan ferskode Eveneminten bliuwe yn ‘e regel jildich foar it ferfangende Evenemint. Foar mear ynformaasje hjiroer kin Klant kontakt mei LF2018/Friesland.nl opnimme fia de online klanteservice of telefoanysk. As in Evenemint ferskood wurdt nei in oare lokaasje of datum, kin de Produsint betingsten stelle oan de fergoeding fan de kaartpriis.
  4. As in evenemint ôfsein wurdt of ferskood, dan kin Klant de Tickets foar dit Evenemint ynleverje neffens de regeling sa’t bepaald troch de Produsint. As de Produsint LF2018/Friesland.nl freget om de kaartpriis werom te beteljen, dan sil LF2018/Friesland.nl dit dwaan nei’t sy de neamde jilden fan de Produsint ûntfongen hat. Servicekosten wurde net werombetelle.
  5. By ôfsizzing of ferskowing fan in Evenemint komme mooglike troch de wei fan Upsell ferkochte produkten of tsjinsten allinne fia de leveransier  foar restitúsje yn oanmerking. LF2018/Friesland.nl is net oanspraaklik foar fergoeding of restitúsje fan dizze tsjinsten of produkten.

6 Tickets

  1. De troch LF2018/Friesland.nl distribuearre Tickets bliuwe eigendom fan de Produsint. It is de Klant net tastien om in Ticket troch te ferkeapjen as dit yn striid is mei de wet. Nei ûntfangst moat Klant de Tickets kontrolearje, mei’t flaters net altyd wersteld wurde kinne. Nei oanskaf kinne Tickets net mear ruile of fergoede wurde.
  2. Spesjale winsken, lykas it reservearjen fan rolstoelplakken, moatte op tiid en útdruklik kenber makke wurde. LF2018/Friesland.nl kin gjin inkelde garânsje jaan dat oan spesjale winsken temjitte kommen wurde kin. Foar mear ynformaasje hjiroer kin Klant kontakt mei LF2018/Friesland.nl opnimme fia de online klanteservice.

7 Yntellektuele Eigendomsrjochten

a.      De op it Ticket fan LF2018/Friesland.nl rêstende yntellektuele eigendomsrjochten hearre ta oan LF2018/Friesland.nl of har lisinsjejouwer. Klant sil him ûnthâlde fan hâlden en dragen wêrtroch rjochten of oare belangen fan LF2018/Friesland.nl of har lisinsjejouwer skea dien wurde kinne soe.

b.      It is Klant net tastien hokker oantsjutting dan ek oangeande auteursrjochten, merken, hannelsnammen of oare rjochten fan yntellektueel eigendom fan it Ticket fuort te heljen of te wizigjen, of hokker wiziging dan ek oan te bringen yn de foarm fan hokker oar kenmerk dan ek fan it Ticket.

c.       It is Klant ferbean it Ticket te ferfalskjen of te fermannichfâldigjen.

  1. De Oerienkomst jildt net as de oerdracht fan hokker yntellektueel eigendomsrjocht dan ek fan LF2018/Friesland.nl oan Klant.

8 Privacy

a.      Klant wurdt achte op ‘e hichte te wêzen mei de privacyferklearring fan LF2018/Friesland.nl dy’t op de webside fan LF2018/Friesland.nl te rieplachtsjen is en yn te stimmen mei de dêryn beskreaune ferwurking fan de troch him opjûne persoansgegevens. 

9 Oanspraaklikens

a.      LF2018/Friesland.nl kin net oanmerke wurde as de organisator (Produsint) fan it Evenemint en is net ferantwurdlik foar en ferlient gjin garânsje op de (artistike)  kwaliteit en ynhâld fan it Evenemint en de gong fan saken yn of om it Evenemint hinne en oanfurdiget op basis fan dit gegeven gjin inkelde oanspraaklikheid.

b.      Mei útsûndering fan de fierdere oanspraaklikheidsbepalingen yn dizze Algemiene Betingsten, is de folsleine oanspraaklikheid fan LF2018/Friesland.nl fanwegen tarekkenbere tekoartkomming yn it neikommen, of fanwegen ûnrjochtmjittige die, beheind ta de fergoeding fan direkte skea oant te’n heechste it bedrach dat foar de Tickets oan Klant yn rekken brocht is of brocht wurde kin, of it moat wêze dat de skea it gefolch is fan opset en/of grutte skuld fan LF2018/Friesland.nl of har meiwurkers.

c.       De oanspraaklikheid fan LF2018/Friesland.nl fanwegen tarekkenbere tekoartkomming yn it neikommen fan in oerienkomst ûntstiet yn alle gefallen allinne as Klant LF2018/Friesland.nl fuortendalik en deugdlik skriftlik yn fersom stelt, wêrby’t in reedlike termyn foar suvering fan de tekoartkomming steld wurdt, en LF2018/Friesland.nl ek nei dy termyn tarekkenber tekoartsjitten bliuwt yn it neikommen fan de ferplichting. De ynfersomstelling moat in sa folslein en detaillearre mooglike omskriuwing fan de tekoartkomming befetsje, sadat LF2018/Friesland.nl yn steat is adekwaat te reagearjen.

d.      Klant frijwarret LF2018/Friesland.nl foar alle oanspraken fan tredden ferbân hâldend mei it net of net foldwaande neilibjen troch Klant fan hokker ferplichting dan ek foar LF2018/Friesland.nl oer, al dan net berekkene op de Algemiene Betingsten.

e.      Betingst foar it ûntstien fan hokker rjocht dan ek op skeafergoeding is hieltyd dat Klant de skea sa gau mooglik nei it ûntstean dêrfan skriftlik by LF2018/Friesland.nl meldt.

f.        LF2018/Friesland.nl kin op gjin inkeld momint oanspraaklik hâlden wurde foar hokker foarm fan skea oan of ferlies fan it Ticket dan ek. By ferlies of dieverij kin de Klant gjin oanspraak meitsje op in ferfangend Ticket of werombetelling fan hokker jilden dan ek. LF2018/Friesland.nl is likemin oanspraaklik foar fertraging of it net of net just ôfleverjen fan Tickets, as fertraging of net just ôfleverjen net tarekkene wurde kin oan LF2018/Friesland.nl. 

g.      LF2018/Friesland.nl oanfurdiget op gjin inkelde wize oanspraaklikheid foar troch Klant by tredde partijen ferkrigen Tickets. LF2018/Friesland.nl kin likemin de echtheid hjirfan garandearje.

  1. LF2018/Friesland.nl kin op gjin inkelde wize oanspraaklik steld wurde foar hokker skea dan ek dy’t de hâlder fan dit tagongsbewiis ûnderfynt troch hanneljen of neilitten fan tredden.

10 Oermacht

a.      Under oermacht wurdt ferstien elke tekoartkomming dy’t net oan LF2018/Friesland.nl tarekkene wurde kin, om’t se net te witen is oan har skuld noch út krêft fan de wet, rjochtshanneling of yn it ferkear jildende opfetting foar har rekken komt.

  1. Mei behâld fan de fierdere oan har takommende rjochten, hat LF2018/Friesland.nl yn gefal fan oermacht it rjocht om de útfiering fan de bestelling fan Klant út te stellen of te ûntbinen, sûnder rjochterlike tuskenkomst, soks troch dit skriftlik oan Klant mei te dielen en soks sûnder dat LF2018/Friesland.nl hâlden is ta hokker skeafergoeding dan ek, of it moat wêze dat dit yn de beskate omstannichheden nei mjitstêven fan reedlikheid en billikens ûnakseptabel wêze soe.

11 Tapaslik rjocht en befoege rjochter

a.      Op alle oerienkomsten mei LF2018/Friesland.nl is it Nederlânsk rjocht fan tapassing.

b.      Alle skelen dy’t ûntsteane nei oanlieding fan de oerienkomst of de dêrop fan tapassing wêzende Algemiene Betingsten sille foarlein wurde oan de dêrta befoege rjochter yn Ljouwert.

12 Fierder noch

a.      It is by Eveneminten net tastien de neikommende saken mei te nimmen nei it plak fan it Evenemint: foto-, film- of oare opnameapparatuer, alkoholhâldende dranken, drugs, glêswurk, plestik flessen, blik, fjoerwurk, wapens of oare gefaarlike foarwerpen, op straffe fan ynbeslachname. Fierder wurdt der ek ferwiisd nei de algemiene betingsten fan de Produsint.

b.      It is mooglik dat Klanten foarôfgeand oan it Evenemint fûillearre wurde. Oan dejinge dy’t him hjiroan net winsket te ûnderwerpen kin de tagong wegere wurde sûnder rjocht op restitúsje fan hokker jilden dan ek.

c.       Klanten dy’t te let by it Evenemint oankomme, wurde – foar safier mooglik – talitten tidens geskikte mominten geduerende it Evenemint. Tagong kin lykwols net garandearre wurde.

d.      Wêr’t yn dizze Algemiene Betingsten LF2018/Friesland.nl har ferplichtet ta it dwaan fan in skriftlike meidieling, hat LF2018/Friesland.nl it rjocht dizze meidieling lâns elektroanyske wei te dwaan, sa as mar net beheind ta in e-mailberjocht of faks.

e.      Dúdlik fersin en skriuwflaters op de webside fan LF2018/Friesland.nl of yn offertes, oarderbefêstigingen, Tickets en/of oare stikken, bine LF2018/Friesland.nl net.

f.        By ferskil fan miening tusken LF2018/Friesland.nl en Klant oer de oersetting en/of de útlis fan de Algemiene Betingsten is de Nederlânske ferzje derfan beskiedend.

As ien of mear fan de bepalingen fan dizze Algemiene Betingsten of hokker oare oerienkomst mei LF2018/Friesland.nl dan ek yn striid wêze mocht mei hokker tapaslik rjochtsfoarskrift dan ek, sil de oanbelangjende bepaling komme te ferfallen en sil dizze ferfongen wurde troch in troch LF2018/Friesland.nl fêst te stellen nije fan rjochten talitbere fergelykbere bepaling.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators