Yn dizze ferklearring wurdt útlein hokker persoansgegevens LF2018/Friesland.nl sawol online as offline sammelet en hoe’t wy dizze gegegevens brûke. Lês dit soarchfâldich troch.

Oer it algemien sammelje wy gegevens wannear’t jo in akkount oanmeitsje, in ticket keapje, wannear’t jo ús in e-mail stjoere of belje, of wannear’t jo eat by de troch ús eksploitearre of behearde kassa’s keapje, en wannear’t jo ús websides, apps en sosjale media brûke. Wy meitsje gebrûk fan dizze en oare gegevens om jo en ús oare klanten in bettere tsjinstferliening, marketing en ûndersteuning te bieden (ûnder mear troch it analysearjen fan jo gegevens om te soargjen foar in personalisearre erfaring). Wannear’t jo bygelyks in akkount oanmeitsje, in ticket keapje, ien fan ús apps downloade of kontakt mei ús opnimme fia de telefoan, kinne wy jo tastimming freegje om gegevens foar bepaalde doelen te brûken. Jo karren oer hoe’t wy gegevens brûke wurde hjir beskreaun.

LF2018/Friesland.nl ferkeapet tickets út namme fan tredden dy’t in evenemint oanbiede yn de provinsje Fryslân. Dizze artysten, aginten, lokaasjes, promotors of sponsors fan wa’t wy tickets krije om oan jo te ferkeapjen neame wy ús “Produsinten”.  Wy diele jo gegevens mei ús Produsinten en kinne jo gegevens diele mei tredden, sa as hjir fierder beskreaun.

LF2018/Friesland.nl is in ferantwurdlike (d.w.s. in persoan dy’t ferantwurdlik is foar it ferwurkjen fan persoansgegevens) oangeande alle gegevens dy’t LF2018/Friesland.nl oer jo sammelet en ûntfangt wannear’t jo fan ús tsjinsten gebrûk meitsje. LF2018/Friesland.nl is bûn oan en brûkt jo gegevens yn oerienstimming mei de Wet beskerming persoansgegevens en de Telekommunikaasjewet.

1. Cookies

Lyk as in protte oare online bedriuwen brûke wy cookies (lytse tekstbestannen dy’t op jo kompjûter pleatst wurde troch ús webside) en tracking tools.

Wy sammelje jo gegevens op ferskillende wizen:

  1. Streekrjocht fan jo. 
    Bygelyks wannear’t jo jo ynskriuwe foar in aksje, in akkount oanmeitsje, meidogge oan in wedstriid of fergeze priisfraach, in app downloade of in ticket keapje, in reaksje op ús webside pleatse, ús in fraach stelle, ús e-maile of kontakt opnimme mei ien fan de belsintrums fan LF2018/Friesland.nl. 
  2. Troch jo gebrûk fan ús websides en apps
    Jo kinne ús websides en apps besjen en brûke fia in kompjûter, telefoan, tablet of oar tastel. Wy meitsje op ús websides en apps gebrûk fan tracking tools lykas browsercookies en webbeakens om gegevens oer jo gebrûk te sammeljen.
  3. Fan tredden. 
    Wannear’t jo der bygelyks foar kieze om op ús websides of apps in yntegrearre sosjale media funksje te brûken, sil de side fan dizze sosjale media ús bepaalde gegevens oer jo jaan, lykas jo namme en e-mailadres. Jo aktiviteiten op ús sides en apps kinne op sosjale media-platfoarms pleatst wurde. Mear ynformaasje oer de tredden fa wa’t wy gegevens ûntfange is hjir te finen.
     

2. Gegevens dy’t wy oer jo bewarje kinne

Wy brûke de neikommende gegevens foar de yn dit belied beskreaune doelen:

  1. Jo kontakt- en akkountgegevens.
    Wy bewarje de troch jo opjûne kontaktgegevens (bygelyks namme, adres, telefoannûmer, e-mail, lân wêryn’t jo wenje, foarkarstaal) wannear’t jo in akkount by LF2018/Friesland.nl oanmeitsje, in ticket keapje en/of meidogge oan wedstriden of aksjes.
  2. Jo betel- en faktuergegevens.
    Wy bewarje foar it ôfhanneljen fan jo bestelling de troch jo opjûne betel- en faktuergegevens, bygelyks jo creditcardnûmer en postkoade wannear’t jo in ticket keapje.
  3. Troch jo online pleatste gegegevens.
    Wy bewarje bygelyks gegevens dy’t jo op ús webside of op in eksterne sosjale mediaside pleatst hawwe wêrta’t wy tagong hawwe (lykas troch jo pleatste reaksjes of ynfolde enkêtes). By it pleatsen fan gegevens online mei op de rjochten fan oaren gjin ynbreuk makke wurde (wêrûnder it rjocht op privacy) en moatte jo jo der fan bewust wêze dat oaren jo gegevens brûke, ‘tagge’ en/of opnij publisearje kinne op in wize dy’t jo net ferwachtsje soene (ek op in wize dy’t ûnwettich is). Jo begripe dat wy en oaren (wêrûnder ús Produsinten) jo publyklik online pleatste gegevens brûke en opnij publisearje meie. Hjirta hearre ek de gegevens dy’t jo op ús webside of by gebrûk fan apps of sosjale mediafunksjes pleatst hawwe.
     

3. Gegevens oer jo foarkarren

Wy kinne gegevens sammelje oer jo favorite eveneminten of de produkten dy’t jo keapje of wêrnei’t jo ynformearje (bygelyks as ûnderdiel fan in enkête of jo resinsje fan in evenemint). Ek kinne wy gegevens bewarje oer ynteresses en demografyske kategoryen  dy’t wy ôfliede út jo ynteraksje mei ús, om jo in bettere tsjinstferliening te jaan en om jo te foarsjen fan mear doelrjochte ynformaasje. Wannear’t jo bygelyks in ticket foar in bepaald optreden keapje en in protte minsken dy’t nei dat optreden west binne ek tickets foar in oar konsert kocht hawwe, kinne wy jo ynformaasje stjoere oer dat konsert.

Gegevens oer it brûken fan de webside.  
Wy kinne wannear’t jo ús webside besykje gegevens sammelje oer de troch jo brûkte browser en jo IP-adres (dit is in nûmer wêrmei’t spesifike netwerkapparatuer op it ynternet identifisearre wurdt en dat jo apparaat nedich hat om te kommunisearjen mei websides). Wy kinne sjen fan hokker side jo by ús terjochte kamen, wat jo wol en net op ús side dien hawwe en hokker side jo besykje wannear’t jo ús side ferletten haw.

4. Wy kinne jo gegevens op de neikommende wizen en foar de neikommende doelen brûke

  1. Om jo te foarsjen fan produkten, tsjinsten, akkountgegevens en ûndersteuning. Sa kinne wy jo gegevens brûke om jo registraasje foar in evenemint te befêstigjen. Wannear’t jo ús gegevens oer freonen jouwe, sille wy dizze gegevens brûke om tsjinsten dy’t jo fan ús freegje oan te bieden. Freegje earst tastimming fan dizze freonen foar’t jo gegevens oer harren mei ús diele.

 

  1. Om jo berjochten te stjoeren yn ferbân mei jo transaksjes en troch jo besochte eveneminten.
    Wy kinne jo bygelyks in e-mail stjoere oer jo akkount of de oankeap fan in ticket of jo freegje in resinsje te skriuwen fan in besocht evenemint. Dêrneist kinne we jo foar ien kear in e-mail stjoere om jo te wizen op in evenemint dat foar jo ynteressant wêze kin basearre op it troch jo al kochte of besochte evenemint.
     
  2. Om trends en ynteresses te sinjalearjen. 
    Wy brûke jo gegevens om te witten wat jo foarkarren wêze kinne soene, sadat wy ús oanbod oan jo ferbetterje kinne en sadat jo erfaring mei ús doelrjochter en persoanliker is.

 

  1. It kontrolearjen en ferbetterjen fan ús produkten, tsjinsten en websides.
    Wy analysearje jo gegevens om ús begryp fan jo en ús klantebestân yn it algemien te ferbetterjen. We dogge dit om hjirmei bettere beslissingen te nimmen oer ús tsjinsten, reklame, produkten en ynhâld, op basis fan in better ynformearre byld fan hoe’t ús klanten gebrûk meitsje fan ús hjoeddeiske tsjinsten en om jo erfaring mei ús te personalisearjen. 
     

5. Jo hawwe bepaalde karren oer hoe’t we jo gegevens brûke

Wannear’t jo in akkount oanmeitsje, tickets keapje of ús apps downloade, kinne wy jo tastimming freegje om persoansgegevens foar spesifike doelen te sammeljen, te ferwurkjen of te brûken. As jo de tastimming dy’t jo oan ús jûn hawwe foar sok gebrûk fan jo persoansgegevens ynlûke wolle, skriuw ús of meld ús jo foarkar op ien fan de yn dit part beskreaune wizen.

Jo kinne jo net allinne skriftlik, mar ek op de neikommende wizen ôfmelde:

  1. Jo kinne jo ôfmelde foar it ûntfangen fan marketingberjochten.
    Om e-mails of sms-berjochten foar promoasjedoelen net langer te ûntfangen, folgje de ynstruksjes yn in ûntfongen reklameboadskip. Sels wannear’t jo jo ôfmelde foar it ûntfangen fan marketingberjochten, sille wy jo noch altyd transaksjeberjochten stjoere. Sa kinne we noch altyd kontakt mei jo opnimme oer jo bestelling.
     
  2. Jo kinne jo ôfmelde foar it ûntfangen fan ús nijsbrieven.
    Om ús nijsbrieven net langer te krijen pas de akkountynstellingen oan of folgje de ynstruksjes dy’t yn elke nijsbrief fan ús steane.

 

6. Wy kinne jo gegevens diele mei de neikommende tredden

  1. Binnen de organisaasjes LF2018 en Merk Fryslân. 
    Wy kinne al jo gegevens binnen dizze twa organisaasjes diele foar alle yn dizze ferklearring neamde doelen.
  2. Produsinten. 
    Wy diele allinne jo gegevens mei de produsint fan it evenemint wêrfoar’t jo ticktes kocht hawwe of op oare wize ynteresse toand hawwe. Hja kinne op dy wize it gedrach fan harren besikers analysearje, in bettere tsjinstferliening en ûndersteuning oan besikers biede en foar elk oar doel lykas beskreaun yn it privacybelied fan ús Produsinten (wêrta’t ek de marketing heart).
  3. Tredden dy’t troch jo kochte guod of tsjinsten leverje.
    Jo gegevens kinne ek dield wurde mei oanbelangjende tredden dy’t guod en tsjinsten oanbiede dy’t jo fia ús webside kocht hawwe (bygelyks diner, hierfyts of mechandise), sadat dizze jo bestellingen ferwurkje en útfiere kinne (ûnder mear troch kontakt mei jo op te nimmen).
  4. As wy tinke dat dit nedich is om te foldwaan oan de wet- en regeljouwing of om ússels, ús Produsint of tredden te beskermjen.
    Foar safier wetlik tastien is kinne wy op fersyk fan in oerheidsynstelling of in oare dêrta befoege ynstânsje ek gegevens diele om ús rjochten of dy fan in Produsint of tredde te beskermjen of ôf te twingen foar it opspoaren en tefoaren kommen fan fraude (mei ynbegryp fan fraude mei creditcards of fraude wêrfan’t wy tinke dat dy plakfûn hat tidens in lotterij of aksje op in evenemint) en oare misdieden.

We meitsje gebrûk fan standert feilichheidsmaatregels.
Wy hawwwe feilichheidmaatregels troffen om jo gegevens te beskermjen. De troch ús brûkte standert feilichheidsmaatregels hingje ôf fan de aard fan de sammele gegevens. Betink wol dat it ynternet net 100% feilich is. We kinne net belove dat jo gebrûk fan ús side folslein feilich is. Wy riede jo oan foarsichtich te wêzen by it brûken fan it ynternet. Hjirta heart ek it net dielen fan jo wachtwurden.

Mochten jo noch fragen of klachten hawwe of in ôfskrift fan de gegevens dy’t wy oer jo bewarje ûntfange wolle, mail dan nei tickets@friesland.nl

Om troch jo opjûne gegevens te korrizjearjen, te wizigjen of by te wurkjen of om in tastimming dy’t jo ús jûn hawwe yn te lûken, mail dan nei tickets@friesland.nl.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators