Under de Toer

It leafdesfertriet fan de Berltsumer tsjerkeklokken, de helm fan oarlochsheld Schelte van Aysma en it ferhaal fan wûnderdokter Joost Wiersma. Safolle tsjerken, safolle ferhalen. Under de Toer bringt dizze ferhalen yn hiel Fryslân ta libben yn unike gearwurkingen.

Yn dit projekt wurde 32 ferhalen ta libben brocht mei ‘ûnder de toer’ as gemiene dieler. Lokale ferhalen dy’t al generaasjes bekend binne of just no ûntsteane. Oer unike objekten yn de toer, oer ûnferjitlike foarfallen dy’t de toer waarnommen hat of oer it libben fan bysûndere minsken dy’t mei de toer ferbûn binne.

Yn Under de Toer bringe keunstners dizze tegearre mei de pleatslike mienskip ta libben yn foarstellingen, eksposysjes en performances. Yn in nij jaske ferrasse dizze ferhalen it publyk it hiele jier troch.

Fan Harns oant Aldeberkeap
Under de Toer begjint op 1 jannewaris 2018 mei ‘De Frijtinker’: in muzikaal teaterstik oer kastleinske Gearte dy’t flechtling Tesfalem meinimt lâns de tsjerken fan Drylts. De oare 31 manifestaasjes fine it hiele jier troch plak, om tuorren yn hiel Fryslân hinne. Fan de Lemmer oant it Skylger Hoorn en fan Harns oant Aldeberkeap.

Marijke Muoi
In bysûndere rol is der foar teaterfoarstelling Marijke Muoi. In foarstelling dy’t begjint yn it revolúsjejier 1795. Revolúsjonêren, aventurieren en idealisten stoarmje de Grutte Tsjerke fan Ljouwert yn. Se slagge alles oan grom, helje weardefolle metalen út de grêven en skoppe de bonken fan de Nassaus yn ‘e rûnte. Demokraasje is wat se wolle en wol no!

Nei in spektakulêr begjin spiele we troch nei 2018: in tiid wêryn’t de wrâld polityk en sosjaal op syn grûnfêsten skoddet. Wêr moat it hinne: mear demokraasje, of just minder? Revolúsje of fersoening? Marijke Muoi nimt it publyk mei yn dizze betiizjende striid. De foarstelling giet yn premjêre yn it iepeningswykein fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Besjoch hjir alle subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators