Valletta2018

Op it earste each hawwe se net in soad oerienkomsten: Fryslân en Malta. Dochs hawwe Ljouwert-Fryslân en de Malteeske haadstêd Valletta, yn 2018 beide Kulturele Haadstêd fan Europa, in soad gemien. Reden genôch om de 2018 tuskenlizzende kilometers te oerbrêgjen en in searje moaie gearwurkingen oan te gean.

Sa is Malta krekt as Fryslân twatalich: it Malteesk en Ingelsk binne de offisjele talen fan it eilân. Boppedat belûkt ek Valletta de folsleine regio by de Kulturele Haadstêd-aktiviteiten, en wêr’t iepen mienskip ús oerkoepeljend tema is, wol Valletta2018 mei it motto ‘festa’ de mienskippen fan alle trije de Malteeske eilannen Malta, Comino en Gozo by it programma belûke.

Projekten yn 2018
Yn 2018 sil yn in protte Fryske projekten de ferbining mei Malta socht wurde. Sa bringt it projekt Poetic Potatoes in meartalige dichtebondel út mei de gedichten fan Malteeske en Fryske dichters, en helpe studinten fan D’Drive fan it Friesland College en it Malteeske Mcast mei oan de produksje fan Opera Spanga’s Aida. Dizze opera sil net allinne yn Fryslân te sjen wêze, mar wurdt yn 2018 ek yn it Teatre Rjul yn Valletta opfierd.

Malteeske bern en bern út Ljouwert dogge meiinoar mei oan it filmprojekt Look@Me en de Malteeske regisseur en koreograaf Ruben Zahra sil mei learlingen fan it Atrium út Snits en skoallen út Ljouwert in wiere berne-opera yn elkoar sette. Ek Explore the North 2017 krijt in fleuchje Malta, mei de unike sound experience Quintessence. As lêste dogge we meielkoar in rekôrpoging: yn de simmer fan 2018 wolle beide Kulturele Haadstêden tegearre it rekôr fan de Grutste Haakte Tekken fan de Wrâld brekke.

Mear ynformaasje
In wiidweidige beskriuwing fan de gearwurkingsprojekten stiet hjirûnder. Wolst mear ynformaasje oer oare aktiviteiten dy’t yn 2018 yn Valletta plakfine? Sjoch dan op www.valletta2018.org

Besjoch hjir alle subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators