Ga naar inhoud
MAP

Keunstinisjatyf VHDG

In hege drompel dy’t symboalysk stikkenslein wurdt. Sá. De iepeningshanneling fan de projektromte fan Voorheen de Gemeente (VHDG) is dúdlik. Sûnder highbrow-obstakels krijst der tagong ta ynternasjonale keunst en ûnferwachtse ûnderfiningen.

Doch dysels in plezier. Rin de Ljouwerter Haniasteech troch, rjocht op VHDG ôf. De steech fol mei kreative studinten en graffity hat op elkenien itselde effekt: komst der fernuvere, rekke of ferwûndere wer út. De iene kear troch keunstners út Syprus en Japan, dy’t de ‘geast fan it plak fange’ yn in prikkeljende presintaasje. It oare momint troch HEDEN, in tematyske eksposysje yn ien jûn, wêrby’st mei de makkers sels yn petear giest. Manipulearje, stimmen, absurdisme. By VHDG kin it oeral oer gean. En earne hinne, dat ek. In rûte nei mear fernuvere blikken. De SRV-wein fan VHDG is in opfallende ferskining, want omboud ta ridend ‘artist-in-residence’-plak. Keunstners Flora Reznik en Teun Vonk wienen de earste sjauffeurs fan de bus. Om’t de wein beheind is ta 25 kilometer yn ‘e oere, koenen se Fryslân allinne trochkrúse oer lândykjes. Dit late ta ûnferwachte moetingen en nijsgjirrich nij wurk, lykas in fideo-ynstallaasje mei in Fryske motorklub en in echte dûnskoreografe yn in dizige greide mei in begraffenisferiening.

Besjoch hjir alle subprojekten

  • Valletta 2018

  • Welcome to the village

    Een groot publiek staat te springen tijdens Welcome to the Village
Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens