WAD

Yn 'WAD, overleven op de grens van water en land' belibbest it Nederlânske Waadgebiet troch de eagen fan in oantal fêste bewenners: de grize seehûn, de leppelbek, it knyn, de noardske falk en de strânljip. Dizze spektakulêre bioskoopfilm lit it UNESCO Wrâlderfgoedgebiet yn har natuerlike skientme, mar ek yn har bikkelhurde realiteit sjen: allinne de sterksten oerlibje hjir.

WAD is in film foar de hiele famylje. De film is makke troch Ruben Smit, dy’t earder de bekroande natuerdokumintêre ‘De Nieuwe Wildernis’ makke oer de Oostvaardersplassen. Mei de help fan de nijste filmtechniken brocht er unike natuerferskynsels op en om it Waad hinne yn byld. Sa sjochst hoe’t in seehûn berne wurdt, hokker barre tocht in bercheinmem mei har pykjes ûndernimme moat, hoe’t it libben om in natuerlik mokselrif hinne der by ekstreem leech tij útsjocht en hoe’t – yn in timelapse – in kerrel sân feroaret yn in dún.

Alles hinget mei elkoar gear
Smit zoomt fanút detailnivo út nei de relaasje tusken it dier en syn omjouwing en noch fierder nei it folsleine ekosysteem. Sa lit er sjen dat yn it unike Waadgebiet alles mei elkoar gearhinget: it tij, de fûgels, it libben ûnder en boppe wetter.

Tuskenstop foar trekfûgels
Op reis mei de haadrolspilers komst as sjogger ek oare fêste én tydlike bewenners fan it Waad tsjin. Sa meitsje alle jierren miljoenen trekfûgels der in tuskenstop, om har te goed te dwaan oan de einleaze foarrieden iten.

It is kringen
De film lit noch folle mear ekstremen fan it Waadgebiet sjen. Fan de oerweldigjende swidens fan yn- en ústreamend wetter oant de kwetsberens fan in inkeld organisme. Oerlibbers binne sa sterk dat se yn grutte oantallen it lân befolkje. It gefolcht: it is kringen op it Waad. Elke bewenner moat der ûnophâldlik syn eigen plakje befjochtsje…

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators