Seist Fryslân, dan seist wetter. Ljouwert is dé Europeeske koprinner op it mêd fan wettertechnology, en Fryslân is bekend om har marrengebiet, in gebiet fol wetterhistoarje en foarbylden fan hoe’t Nederlân libbet mei wetter. WaterConnecting 2018, it wetterprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018, lit elkenien kennis meitsje mei de skientme fan it Fryske wetter.

Yn ‘e maitiid fan 2018 trapet WaterConnecting 2018 ôf mei in spetterjende parade: op it wetter fansels! Skoalbern en studinten kreëarje tegearre mei keunstners en de mienskip de parade wêryn’t de plastic soup, in ynternasjonaal tema wêr’t we lokaal ferskil yn meitsje kinne, sintraal stiet. Njonken de ôftraap fan WaterConnecting 2018 is de parade boppedat de iepening fan de lanlike Week van Ons Water.

Wetterbar
It hert fan WaterConnecting 2018 is de Wetterbar yn de wetterkampus. De Wetterbar is it moetingssintrum fan wêrút ferskillende inisjativen organisearre wurde. Tink oan it projekt ‘DNA van de Friese vlag’ dat in ûndersyk nei it Fryske pompeblêd sjen lit yn film en muzyk, of it graffiti-wetterkeunstprojekt yn it Potmargegebiet, de neiste omjouwing fan de Wetterbar.

Beleefrûtes
Ferskate beleefrûtes liede besikers mei de auto, fyts of boat lâns de bysûnderste wetterplakken fan Fryslân. Rûtes ûnder de neamer ‘Fryske Waterspots’ liede bygelyks lâns it Woudagemaal, de Ofslútdyk en de terp fan Hegebeintum. De rûte ‘Liwadder water’ fiert lâns wetterhotspots en keunst- en kultuerprojekten yn de hiele gemeente Ljouwert. Ien fan de hotspots is de eksposysje ‘Friesland onder water’ yn Natuurmuseum Fryslân.

Edukaasje
As lêste jout WaterConnecting 2018 omtinken oan edukaasje. It programma omearmet inisjativen dy’t fanút de Fryske gearwurking yn de Waterketen opset wurde, om bern fan jongs ôf oan wetter ûntdekke en belibje te litten. Yn de Wetterbar kin elkenien boppedat terjochte mei syn of har wetterfragen en kin elkenien him hielendal ûnderdompelje yn de ynteressantste wetterferhalen.

 

Besjoch hjir alle subprojekten

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators