Yiddish Waves
-
yiddish waves
thúskomme dochst sa
Dit evenemint is ûnderwilens ferrûn.
Bolleboos, gabber, mesjogge of kapsones: de Nederlânske taal sit grôtfol Jiddyske wurden. Dat is net sa nuver, want de Jiddyske kultuer is ien dy’t him by útstek húsfest yn oare kultueren. Yiddish Waves gier hjiroer. Heymishkeyt - Jiddysk foar ‘thúsgefoel’ – is it tema fan dit programma fol multykulturele útspattingen. Arabyske muzikanten moetsje Fryske dichters. Klezmer meets Chaabi!
Gastfrijheid, leare, moetsje en ferbine. Dat is wat Yiddish Waves sjen litte wol yn muzyk, teater, workshops, kuiers, films en eksposysjes. Mei it Yiddysk gedachtegoed as boustien nûget Yiddish Waves út ta moetings tusken minsken ôfkomstich út it ferskaat oan kultueren dat Ljouwert ryk is.
Festival
It Yiddish Waves Festival, dat meardere dagen duorret, wurdt hâlden op ferskillende plakken yn en om it âlde Joadske stedsdiel fan Ljouwert hinne. Stedskuiers liede dizze dagen lâns bysûndere plakken yn it eardere Joadske stedsdiel, wêr’t konserten fan (ynter)nasjonale artysten plakfine. It festival is dêrneist it startpunt fan in bysûnder muzikaal projekt, wêrby’t Jiddyske muzyk kombinearre wurdt mei Arabyske klanken. In syktocht nei ferbining, identiteit en in nij harmoanysk universum.
Lernen en simche
Yiddish Waves wurket gear mei it Fryske Comité 4 en 5 mei by de offisjele betinking en der sil in oantal projekten te sjen en te hearren wêze op it Fryske Befrijdingsfestival. Op dizze wize stiet Yiddish Waves stil by de Joadske skiednis fan Ljouwert, sa’t dy yn safolle Europeeske stêden bestiet, en fiert it op 5 maaie de nij fûne frijheid en ferskaat.
As she sings
As lêste wurket Yiddish Waves gear mei Explore the North, Lân fan taal en de Bulgaarske stêd Plovdiv, dy’t yn 2019 Kulturele Haadstêd is. Tidens Explore the North sil it konsert ‘As she sings’ te hearren wêze: fjouwer froulju út de Fryske, Jiddyske, Bulgaarske en Roma-kultuer, ien ferhaal, ien poadium, foarôfgien troch wurklab’s wêrby’t it publyk kennis meitsje kin mei de artysten en harren kultueren.
Besjoch ek
-
façade: de wereld van mata hari
-
innofest