Ga naar inhoud
Favorieten 0

Your Daily Teacup Leeuwarden

Leeuwarden

By Yourdailyteacup hawwe rom 160 soarten losse tee. Drink dyn favorite tee mei in lekker taartsje of koeke der by. Of nim in pûdsje tee mei nei hûs om dêr fierder te genietsjen. Wy helpe dy graach by de uterste theebeleving.

Tee nimt in steeds wichtiger plak yn de maatskippij yn, is sûner os kofje en ek noch ris alsidich. Yn it Noarden fan Nederlân binne der nea folle winkels en horecagelegenheden wêr tee in bysûnder plak hat, mar dêr hat Yourdailyteacup begjin 2020 feroaring yn brocht! Sûnt maart is de “theebelevingsstore” fan it Noarden te finen op it Gedempte Zuiderdiep yn Grins. Nei in suksesfol earste jier (en dat yn Koroana tiid) waard it tiid om fierder te sjen en sa is ek Ljouwert sûnt febrewaris 2021 in wiere theebelevingsstore riker.

Yn de Your Daily Tea Cup-winkel ferkeapje wy bysûndere theesmaken en bypassende aksessoires, lykas theepotten- en mokken, thermosflessen en opbergblikken. Wolsto de tee alfêst priuwe? Dat kin fansels ek, sagau dat wer mooglik is. Gean lekker sitte oan ien fan de tafeltjes en wy servearje in hearlike kop tee mei wat lekkers derby. Of gean foar ien fan de spesjale tee drankjes. Sa helpe wy mei oan de folsleine “teebeleving”. Foar de diehard kofje leafhawwers hawwe wy fansels ek in kopke kofje yn de oanbieding.

Hieltyd mear minsken kieze tsjintwurdich foar losse tee yn plak fan tee út theepûdsjes en dat juiche wy allinne mar ta! Dat makket dyn teemomentsje krekt wat spesjaler en it sjocht der noch gesellich út ek. By ús kinsto rom 160 soarten losse tee fine, om yn de winkel te priuwe, mar fansels ek om mei nei hûs te nimmen. Tink bygelyks oan de soarten Morning Sunrise, Raspberry Swing en Black Spicy Chai.

De tee fan Your Daily Tea Cup komt fan origine út theelanden as Sjina, Japan en India. Wy hawwe ferskillende soarten tee yn ús assortimint: swarte, griene, witte, oolong, pu-erh, krûden, mate en rooibos. De measte tee komt feitlik fan de theeplant Camellia Sinensis, mar der binne ek theesoorten dy wy eins gjin tee kinne neame. Hjirûnder falle bygelyks kruidenthee en rooibos tee, dy fan oare planten komme. En dêrnjonken binne wy sûnt koart Skal gecertificeerd en sa hawwe wy ûnderwilens in hiele hoop ‘officieel’ biologyske theesoorten yn de kolleksje stean. Dizze kinsto weromfine troch te sykjen nei it bekende griene bio logo.

Muoite mei kieze? Wy helpe graach en advisearje dy asto dat fyn fynst. Kom nei de winkel en lit dy ferrasse troch ol de hearlyke teesmaken!

Type eetgelegenheid:
Kofjehoeke
Bezorgopties:
Afhalen
Toan risseltaten