Aventoer yn ‘e kassen

17 april 2018 

Hurde wurkers, sûplappen, banepikkers… Allegear etiketten dy’t Poalske seizoensarbeiders opplakt krije. Jierliks wurkje goed 100.000 Poalske arbeidsmigranten yn Nederlân. In soad fan har wurkje yn de bou of glêstúnbou. De foarstelling Lost in the Greenhouse fan Ljouwert-Fryslân 2018 giet oer it libben yn de kassen. Wat foar de Poalske Pawel Lawecki en Ania Wojciechowska jierren lyn begûn as fakânsjebaantsje, is útgroeid ta in fêst kontrakt en permaninte húsfêsting yn Nederlân. Se jouwe in ynsjoch yn harren libben en besprekke de stereotypen dy’t der hearskje. 

“Ik kaam foar it earst nei Nederlân foar in simmerbaantsje yn de kassen. Myn freon fan doedestiids woe dat graach, mar hy spruts gjin Ingelsk. Dêrom bin ik mei him meigien. Hy is weromgien en ik bin yntusken al acht jier hjir. It is maklik wurk, it fertsjinnet goed en learst in soad minsken út feskillende kultueren kennen”, seit Ania. “Myn mem is dosint op de universiteit fan Warschau, in goeie baan yn Poalen, mar fertsjinnet like folle as ik die doe’t ik hjir foar it earst kaam.”

It aventoer
Jild is foar in soad seizoensarbeiders de motivaasje om yn Nederlân oan it wurk te gean. In soad fan harren komme dan ek út ‘e earmoed. Foar Pawel wie it mear as dat. “It wie in aventoer. Nei in frjemd lân gean, frjemde minsken kennen leare en in oare taal prate. Nederlanners prate goed Ingelsk dus dat wie yn it begjin hiel noflik. Yntusken praat ik goed Nederlânsk en lear ik sels in bytsje Roemeensk en Turksk fan kollega’s.”

“It foel my op dat de minsken hjir yn Fryslân hiel freonlik binne”, wit Ania noch goed. “Ik lêsde fan ‘e wike noch yn ‘e krante dat it wurk yn de kassen stressfol wêze soe, no… wier net”, laket se. “De hiele dei tomaatsjes plôkje en leuk mei kollega’s prate en ek noch ris jild fertsjinje. Klinkt dat swier? Somtiden wurdst wurch fan de waarmte, mar alle noarmen wat plôkjen oanbelanget binne goed te heljen. Ik haw leuk wurk en mei wille nei dyn wurk gean is wichtich.” Elke meiwurker moat per oere 800 komkommers, 60.000 snoeptomaatsjes, sa’n 200 trossen trostomaten of 1400 parpika’s plôkje. 

In eigen hûske
Yntusken hawwe Pawel en Ania elk in eigen hûske. Dat wie net altyd sa. “Ik bin fia in Nederlânsk útstjoerburo mei in fêstiging yn Poalen hjirhinne kaam. Ik dielde earst in hûs mei sân oaren. It útstjoerburo hie dat regele. It is wolris leuk mei al dy kultueren troch elkoar, lykas mei feestjes. Mar it kin ek hiel ferfelend wêze. Sa binne der faak rûzjes oer de dûs of wa’t itensiede mei. It falt my op dat der faker rûzjes ûntsteane tusken minsken fan deselde kultuer as tusken ferskillende kultueren.”

Ania trof it. Har mem wie foar har staazje oait al ris yn Sint Anne west en hie noch kontakt mei de eigner fan it hûs dêr’t se doedestiids wenne. Ania koe hjir terjochte en hie dus al metien in plakje foar harsels. De sosjale kontrôle yn de doarpen wie wol nij. “Yn Sint Anne foel it noch ta, mar ik haw ek yn Minnertsgea wenne en dêr wit elkenien wa’t wat docht. Yn Poalen is dat hiel oars. Dêr hast somtiden kontakt mei dyn buorlju, mar dêr hâldt it ek mei op. Miskien komt dat wol om’t ik út Warschau kom. No wenje ik yn Ljouwert en is it alwer oars.”

De stereotypen
It stereotype dat Poalen hurd wurkje, soe samar ris wier wêze kinne. Foar Ania en Pawel jildt dat yn elts gefal. Yn acht jier hawwe se har opwurke ta leidingjouwenden. Pawel yn de hal dêr’t alle grienten ferpakt wurde en Ania yn de kassen. “Guon Nederlanners hawwe muoite mei te akspetearjen dat wy de lieding hawwe”, seit Pawel. “Mar úteinlik giet it derom dat ien syn wurk goed docht. Wêr’t er wei komt is dan net wichtich. We begjinne elke dei kreas op tiid en eamelje net as we ris oerwurkje moatte. Somtiden meitsje we hast fyftich oeren yn in wike, mar dat kinne we ek wol wer kompensearje.”

De stream oan Poalske arbeiders nei Nederlân wurdt alle jierren lytser. Dit komt om’t it mei Poalen hieltyd better giet en der oare lannen binne dy’t oantrekliker binne om te wurkjen. It oandiel Roemenen en Turken yn de kassen is hieltyd grutter. “Yn ús tiid kaamst sûnder wurkerfaring net oan in baan yn Poalen. Dan moastest wol hast earne oars hinne. Hjir yn de kassen kinst sûnder diploma oan ‘e slach en dus wiet it foar in soad earme Poalen oantreklik om nei Nederlân te gean”, seit Ania. “Ik haw sels wol in oplieding folge mar de measte Poalen dy’t ik hjir tsjinkom, hawwe dat net.”

“Ik waard yn it begjin opljochte troch it útstjoerburo wêr’t ik foar wurke”, seit Pawel. “As bûtenlanner witst net wat dyn rjochten hjir binne. Ik waard doe ûnder it minimumlean betelle. Dat wie trouwens earne oars as wêr’t ik no wurkje. It tasjoch is no folle stranger.”

Oft Poalen sûplappen binne? “Ik drink wol ris, ja. Mar ik sjoch myn Nederlânske buorman alle freeds fjouwer kratten bier yn ‘e oanbieding heljen”, laket Pawel. “Troch de wike drink ik neat en yn it wykein soms in pear drankjes. Nederlanners binne net oars.” “Ik tink dat in soad minsken dy’t ien minne erfaring hawwe mei in bûtenlanner dat metien as standerd sjogge”, seit Ania. “It binne oer it algemien wol de legere klassen Poalen dy’t nei Nederlân komme. Minsken dy’t it yn Poalen goed hawwe geane fansels net fuort.” 

Langje nei Poalen
Der is ien ding yn Nederlân wêr’t Pawel mar net oan wenne kin. “Dy wyn. Ik hoech mar fiifhûndert meter te fytsen nei it wurk, mar ast yn ‘e wyn hast, is dat echt ferfelend. Yn Poalen hast dat folle minder. It kin dêr oars wol folle kâlder wurde as hjir. Okkerdeis frear it noch 25 graden.”

Beiden fiele se har thús yn Fryslân, mar dochs geane se noch sa no en dan nei Poalen. Yn ‘e fakânsjes bygelyks. “Ik mis foaral it Poalske iten”, seit Ania. “En ik myn famylje en freonen”, giet Pawel fierder. Ania bliuwt yn Nederlân wenjen, se fynt it hjir fiersten te leuk. Pawel is dêr noch net sa wis fan: “Miskien wol ik oait wol werom nei Poalen, mar ik haw it hjir hiel goed. Yn myn frije tiid swim en reizgje ik graach. Ik fyn Drinte in prachtige provinsje mei de bosken en de buorkerijkes. Dêr soe ik wol wenje wolle. Ik sjoch net safier foarút, mar sis noait noait.”

Aventoer yn ‘e kassen is in eftergrûnferhaal oer it libben fan bûtenlânske arbeiders yn de Nederlânske kassen en hat in direkte link mei muzykteater Lost in the Greenhouse fan Orkater.

Tekst: Mark Grupstra, foto's: Wietze Landman & Verena Blok, video: Videobrouwers

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators