Ga naar inhoud
MAP
fy

Basisskoalbern slúte LF18-projekt Circus Adje feestlik ôf yn Cambuur Stadion

Op woansei 11 april klonken foar ien kear bernestimmen troch de stadionspeaker fan SC Cambuur. Sa’n 900 basisskoalbern sletten LF2018-projekt Circus Adje Lambertsz juster feestlik ôf yn it Cambuur Stadion. 

De bern mochten oeral sjen: yn de spilersbus fan SC Cambuur, yn de parsekeamer en yn it hokje fan de stadionspeaker. Se folgen ferskate workshops yn en om it stadion hinne en treden ek foar elkoar op yn in sirkustinte. Middeis wie der in ballebattle tusken guon SC Cambuurspilers en ballegûcheler Andre Accord. Ek treden der twa reuzemarionetten op. Dy dûnsten yn opspyljen mei twa sjarmante dames, dy’t har grasjeus foarútbeweegden op in manshege bal fan hast twa meter. Ta slot trede it berneorkest fan Circus Adje op, begelaat troch twa jeugdige sjongeressen.

Alle 50 basisskoallen út de gemeente Ljouwert dogge mei oan projekt Adje Lambertsz. De feestlike einpresintaasje fan de oare skoallen fynt op 25 maaie plak tidens it Adje Festival op Winkelpark De Centrale. It projekt slút ôf mei in optreden op it Fries Straatfestival. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens