Ga naar inhoud
MAP
fy

Bemachtigje de lêste kaarten foar Yiddish Waves

Muzyk út alle wynstreken sa yn de wenkeamer, workshops sjonge en skriuwe én lekker iten. Under it Yiddish Waves Festival ûnderfynst ultime gastfrijens foar jong en âld. Wolkom thús. 

Binnen de feilige muorren fan de Westertsjerke komme Joadske, Arabyske en Europeeske musisy byinoar. Artysten as Lucette van den Berg, Anass Habib, Modar Salameh en Gregor Schaefer traapje tongersdeitejûn 1 maart it festival ôf mei Karavanserai. Sy trochbrekke grinzen en ferflechtsje Jiddyske, Arabyske, Andalusyske en Syryske muzyk ta in nij en magysk gehiel. Karavanserai ferwiisd nei it feilige oernachtingsplak foar reizgers ferspraat oer de Balkan, it Midden-Easten en Noard-Afrika. 

Jiddyske borderland bandistas
Freedtejûn feroveret ûnder oare de Dútske band Daniel Kahn & The Painted Bird it poadium. Dizze radikale jiddyske borderland bandistas mei punkattitude litte sjen dat Jiddyske muzyk hielendal fan dizze tiid is. Tanksij de skerpe teksten mei aktuele tema’s werkent elkenien him deryn. Se litte grif nûmers hearre fan harren nije album The Butcher’s Share, dat fan ’t hjerst útkaam. Leau ús, hjir moatst by wêze.

Ek út Dútslân wei komt Andrea Pancur nei Ljouwert. De winner fan de Dútske Wrâldmuzykpriis kombinearret yn har show Alpen Klezmer Hebreewske melodieën mei Joadske en Italiaanske pesachlieten dy’t gearfloeie mei Beierske Ballads. In unyk gearmjoksel fan klanken dy’t ferskuorrend goed lykop gean. 

Bist hielendal mesjogge?!
Sneon 3 maart is it tiid om de hannen út ‘e mouwen te stekken. Lûk dyn jas út en doch mei. Bist notabene net thús sûnder der sels diel fan út te meitsjen. Moarns kinne bern Jiddysk sjongen leare. Polina Sheperd nimt dy mei nei har jeugd. Nei it iten fan borsht en it drinken fan selsmakke wyn wurde der lieten songen. Elkenien kin meidwaan. Wistest dat de Nederlânske taal eins al fol mei Jiddyske wurden sit? Tink oan mesjogge, gabber of kapsones. It leukste: sneintemiddei silst mei syn allen optrede yn de Westertsjerke. Wês net bang: de Amsterdamske Shtetl Band sil jim begeliede. Sy steane bekend om harren oansteklike muzyk dy’t derfoar sorget datst automatysk meidwaan wolst. 

Húskeamerkonserten
Sneontemiddei stiet yn it teken fan húskeamerkonserten yn it âlde Joadske stedspart fan Ljouwert. Erfaar Jiddyske muzyk yn in tige yntime setting en lear tagelyk de skiednis fan it Joadske part fan de stêd kennen. 

Dit is noch mar in hânfol út in wykein fol mei muzyk, workshops en oare eveneminten. Op it Yiddish Waves Festival komme feesten út alle wynstreken by elkoar om sjen te litten dat feestfiere gjin grinzen hat. 

Kaarten en ynfo
Besjoch it folsleine programma en keapje kaarten op http://yiddishwaves.nl/festivalprogramma/. Kinst hjir kaarten foar sawol hiele dagen as losse konserten keapje. 

Let op! Kaarten foar de húskeamerkonserten mei de rûnlieding binne al útferkocht. Soargje derfoar datst der op tiid by bist foar de oare kaarten. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens