Ga naar inhoud
MAP
fy

(Berns)bern fergees nei musea yn maitiidsfakânsje

Yn de krookjefakânsje organisearret Museumfederatie Fryslân tegearre mei Fryske museums en argiven foar de sântjinde kear ‘Help pake en beppe de fakânsje troch!’. Fan tiisdei 27 febrewaris oant ‘e mei freed 2 maart 2018 wurde der leuke en learsume aktiviteiten organisearre foar jong en âld. Bern oant ‘e mei tolve jier krije fergees tagong op fertoan fan harren pake of beppe of in oare folwoeksene. Tema dit jier is ‘Typysk Frysk’. 

‘Help pake en beppe de fakânsje troch!’ spilet yn op it feit dat bern yn’e fakânsje faak by harren pake en beppe útfanhûs binne. Foar dy pakes en beppes is it somtiden dreech om in leuke aktiviteit te betinken mei harren bernsbern. De aktiviteitewike biedt útkomst mei in rom oanbod oan aktiviteiten dy’t sawol leuk as learsum binne foar bern en folwoeksenen. De offisjêle ôftraap fan de wike is op moandei 26 febrewaris by iepenloftmuseum en temapark De Spitkeet op De Harkema. 

Typysk Frysk
It tema fan dit jier is ‘Typysk Frysk’. Wat makket Fryslân sa bysûnder? Wêrom binne Friezen sa grutsk, mar ek koppich en stânfêstich? Wat hat ús foarme en foaral: wat betsjut de Fryske taal foar de Friezen? It binne fragen dy’t oan ‘e oarder komme tidens de aktiviteiten. 

‘Help pake en beppe de fakânsje troch’ wurdt stadich mar wis in wiere Fryske tradysje. Alle jierren kin de aktiviteitewike rekkenje op in soad belangstelling fan bern en folwoeksenen. “De wike slút moai oan by de ynteresses fan sawol bern as folwoeksenen”, seit Lisette Zwerver fan Museumfederatie Fryslân. “Der is foar elk wat. De aktiviteiten binne taspitst op bern, mar ek foar pake en beppe of heit en mem binne se leuk. Dêrneist binne de fêste kolleksjes en aktiviteiten fan de museums fansels ék de muoite wurdich.”

Dielnimmers
In oersjoch fan alle ynstellings dy’t meidogge is te finen op www.museum.frl/pakebeppe.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens