Ga naar inhoud
MAP
fy

‘Bilgaard moat ús rêde'

It sirkus is ôfbaarnd. De artysten en it publyk binne yn reek opgien. Wat is Ljouwert-Fryslân 2018 sûnder sirkus? Annuschka van Kesteren fan Wijkpanel Bilgaard en Caro Kroon fan Spoonk sykje yn Bilgaard nei de nije sirkusfamylje fan Circus Bilgaardini. De term mienskip is dêr goed begrepen. De foarstelling, makke foar LF2018, wurdt nammentlik makke foar en troch de ynwenners fan de wyk. 

Ek al is it meitsjen fan foarstellingen bekende kost foar Caro Kroon, artistyk lieder by Spoonk, dochs is it lestich om út it neat in folsleine sirkusfamylje gear te stallen. “Minsken binne hiel entûsjast as se fan ús idee hearre, mar as der in workshop is sjochst faak mar in hantsjefol minsken. It is dreech út te lizzen wat der fan se ferwachte wurdt, om’t it sa’n frij konsept is. Dy frijheid makket it just sa leuk. Elkenien kin dwaan wat er leuk fynt en wêr’t er goed yn is. Dat hoecht net perfoarst foar de skermen te wêzen. We hawwe ek in hiel protte minsken nedich dy’t efter de skermen meihelpe.”

Kom del 
Ofrûne hjerst binne der workshops west, wêrfan’t benammen beatboxe en breakdance hiel populêr wiene. “No’t we in leuke groep hawwe, oefenje we alle woansdeitejûns tusken 19.30 en 21.30 oere yn Wijkkoepel Bilgaard”, leit Caro út. “We nûgje elkenien út ris sjen te kommen en kennis te meitsjen. Wa wit komme der sa noch leuke ideeën of mear dielnimmers.”

Circus Bilgaardini, sa’t it projekt hjit, is troch Wijkpanel Bilgaard en de wykferiening keazen ta harren projekt foar Ljouwert-Fryslân 2018. “We hawwe ferskillende organisaasjes útnûge foar in pitch”, seit Annuschka van Kesteren, sekretaris fan Wijkpanel Bilgaard. “We hawwe foar it idee fan Spoonk keazen om’t it sa ynteraktyf is. De hiele wyk wurdt der by belutsen.”

Ferskaat
Bilgaard is in hiel ferskate wyk, mei 103 ferskillende nasjonaliteiten op goed seistûzen ynwenners. In grut part bestiet út ymmigranten, âlderen en húshâldings dy’t rûn komme moatte fan in leech ynkommen. “In soad minsken sjogge earst de kat út de beam foar’t se ek meidogge”, leit Annuschka út. “We hoopje trochdat we no in leuk groepke hawwe, we oare minsken oer de streek lûke. Der binne ferskillende ferienings en klubs fanút it wyksintrum dy’t meiwurkje wolle, lykas in treksekgroep, de skilderklub en in naaiklub.”

Spyldatums
Der komme seis foarstellingen ferdield oer 13, 14 en 15 july dy’t fergees tagonklik binne. De lokaasje is om it Taniamar hinne of yn de Wijkkoepel. Hâld de facebookpagina fan it wykpanel yn de gaten foar it lêste nijs: https://www.facebook.com/wijkpanelbilgaard/ 

Tekst: Mark Grupstra

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens