Ga naar inhoud
MAP
fy

Blokhúspoarte krijt nij keunstwurk SPYRE

Op woansdei 28 maart wurdt in bysûnder, wrâldferneamd keunstwurk pleatst op it earste plein fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It bedriuw Mannen van Staal út Ljouwert en CIG Architecture út Grins binne belutsen by de pleatsing.  

Ron Arad (1951), renommearre yndustrieel ûntwerper en arsjitekt, berne yn Tel Aviv en wenjend yn Londen, hat it ûntwerp makke. De titel fan it keunstwurk is Spyre en it is goed 16 meter heech. Ron Arad is benammen bekend troch syn folslein persoanlike foarmetaal dy’t ta útering komt yn ‘e stikmannige stuollen, tafels, skulptueren, kasten en arsjitektoanyske projekten dy’t er fanôf de jierren tachtich oer de hiele wrâld makke hat. It wurk fan Arad is altyd eksperiminteel. 

Spyre is in kinetyske skulptuer makke fan kortenstiel mei fjouwer draaiende gewrichten. Hjirtroch kin it ûnophâldlik feroarje tusken in ûneinich oantal mooglike posysjes. Oan it útein is in kamera montearre. Dizze beweecht mei mei de skulptuer. De makke opnames kinne projektearre wurde op in skerm of webside. 

CIG Architecture út Grins wie ferantwurdlik foar de útfiering fan dit projekt en hat foar it assemblearjen en de oandriuwing Mannen van Staal út Ljouwert ynhierd. CIG Architecture, Ron Arad en Mannen van Staal hawwe it inisjatyf naam om it keunstwurk yn Ljouwert te pleatsen en hawwe hjirfoar de  gemeente Ljouwert benadere.

De Spyre bliuwt oant ein maaie op dizze lokaasje stean. It keunstwurk wie earder ynstallearre op it binnenplak fan de Royal Academy of Art yn Londen tidens de simmertentoanstelling fan 2016. Yn 2017 stie it wurk yn Milaan.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens