Bysûndere gûnzers

Ut sifers fan it Planbureau voor de Leefomgeving docht bliken dat twatredde fan de oarspronklike natuer yn Nederlân ferlern gien is yn de ôfrûne iuw. Yn ‘e greide stiet allinne noch mar raaigers en stêden wreidzje hieltyd fierder út. Sels hynsteblommen en oar ûnkrûd is amperoan noch te finen. “It gebiet om Ljouwert hinne wurdt ek wol de griene woestyn neamd”, ferklearret ymker Theo Poortinga. Troch de ôfname fan it bioferskaat giet it neffens de sifers min mei de bij. Reden foar Silence of the Bees, ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018, om de needklok te lieden. Giet it wier sa min mei de bij? Kinst eins wol ‘de bij’ sizze? Wat kinsto as ynwenner fan in grutte stêd of lyts doarpke dwaan om dizze gûnzer in hantsje te helpen? Theo jout útlis en advys. 

Huning op bôle en huning yn ‘e tee. Sa begjint foar Theo elke dei. Eigenmakke huning, want Theo is hobby-ymker. Op in oantal plakken yn Fryslân hat er bijekasten te stean, wêrûnder op it dak fan De Friesland Zorgverzekeraar midden yn Ljouwert. Foar de gewoane man in ûnferwachts plak foar bijen, mar foar in ymker as Theo hiel logysk. “We sjogge it faak net, mar it bioferskaat yn de stêd is heger as op it plattelân. Sjoch ris om dy hinne. We sitte hjir tsjin de Vosseparkwyk oan mei in park en fierderop is de Prinsetún. Yn de wyk steane in soad linebeammen. Dy steane aanst yn bloei. Dêrfan krijst hearlik sêfte huning. Bijen fleane ûngefear twa kilometer fan harren kast om blommen te sykjen. Yn stêden en doarpen fynst folle mear blommen as op it plattelân.” 

It libben yn ‘e kast
It bijefolk is ynstinktyf yntelligint. Bijen kinne ûnderling kommunisearje en fertelle elkoar wêr’t goeie blommen te finen binne. “As in bij in goeie blom fynt, giet se werom nei de kast en docht se in saneamde bijedûns op de huningraat. Dêrmei fertelt se oare bijen hokker ôfstân en hokker rjochting se út moatte. Geweldich tûk.” Theo pakt syn ymkerpiip en stekt dy oan mei in gasbrâner. “Ik haw it wol besocht mei in oanstekker, mar op dit dak slagget dy dat noait”, laket er. Op in rychje steane fjouwer knalgiele keunststof bijekasten, besteande út twa grutte bakken mei dêrop in lytsere bak. Ien folkje hat de winter net oerlibbe. 

Nei it ferwiderjen fan de spanbannen kin de kast fan boppen ôf iepene wurde mei in beitel. “Bijen meitsje alles ticht”, ferklearret Theo, dy’t fluch reek troch de kast blaast. De reek soarget derfoar dat de bijen rêstich wurde. “De reek sjogge se as gefaar. Se sûgje har metien fol mei huning en riede har ta om te flechtsjen. Dêrom bliuwe se dan rêstich sitten.” Elke bak sit fol mei houten ramen, fold mei huningraten. 

In folk huningbijen bestiet yn it heechseizoen út wol fyftich- oant sechstichtûzen bijen. Elk folk hat ien keninginne dy’t aaikes yn de huningraten fan de ûnderste twa bakken leit. Tusken de twa grutte bakken en de lytsere boppeste sit in roaster wêr’t de wurksterbijen wol trochhinne kinne, mar de keninginne net om’t sy in stik grutter is. Dêr komt dan ek alle huning yn. Dy huning rispet de ymker. In bijekast levert per jier wol fyftjin oant tweintich kilo huning op. 

Darren en wurksterbijen
In bijefolk bestiet út in keninginne mei mantsjes: darren, en wyfkes: wurksterbijen. Darren wurde berne út ûnbefruchte aaikes. Se binne der om mei de keninginne te pearjen. Darren kinne oant njoggentich dagen âld wurde, wylst in keninginne soms wol fiif jier wurdt. “Mar nei trije jier hat se har bêste tiid wol hân”, seit Theo. “Dan leit se net safolle aaikes mear en bist as ymker wol ta oan fernijing.” De wurksterbijen wurde yn it heechseizoen ûngefear 45 dagen âld en yn de winter libje se sa’n seis moanne.

De wyfkes komme út befruchte aaikes. Dit binne de wurksterbijen. Se geane op paad om stofmoal en nektar út planten te heljen, wêr’t huning fan makke wurde kin. Huning is foar de bijen iten. In goed folde huningraat betsjut in goede itensfoarried foar de winter. Ast bûten dus in huningbij sjochst, is dat wieskynlik in wyfke.

Keninginnesjelei
De keninginne ûntstiet op in bysûndere wize. “Wurksterbijen kinne spesjale keninginnesjelei meitsje dat der foar soarget dat in larve in keninginne wurdt. Yn elk folk ûntsteane yn bepaalde omstannichheden, lykas de swaarmtiid, meardere keninginnen. As ymker kinst der foar soargje dat der ien keninginne yn it folk komt. De keninginne kin der útknipe mei de helte fan it folk, dat hjit fan swaarmje.” 

De swaarm siket in holle beam of in oar geskikt plakje om in nêst te bouwen. Dêr is metien ek in probleem dat we yn Nederlân hawwe. Deade beammen wurde hast altyd fuorthelle en dêrom soenen huning bijen sûnder ymkers net oerlibje. 

De minsk as probleem
As we de media leauwe meie, giet it min mei de bij. Neffens Theo leit dat nuansearre. “Mei de wylde, solitêre bij giet it yndie min. Mei de huningbij giet it bêst. Ik bin no achttjin jier ymker en der binne yndie wat minne jierren west troch sykten as gefolch fan de varroamyt. Lokkigernôch giet it just troch al it omtinken fan de media fan de ôfrûne jierren al wer better. Ymkers behearskje de bestriding fan de varroamyt better en minsken binne har bewust fan it belang fan de huningbij foar de itensfoarsjenning.”

“De varroamyt is in probleem dat de minsk feroarsake hat”, seit Theo. “Minsken binne altyd ynventyf en wolle frjemde dingen meinimme. Sjoch mar nei stinzeplanten. Dy komme hjir fan natuere net foar. Minsken wolle altyd mear, moaier en better. De bij dy’t hjir fan natuere foarkomt is in prima bij, mar der binne rassen dy’t fan oarsprong út bygelyks Italië, East-Europa en Ruslân komme dy’t in hegere huningproduksje hawwe. Ein jierren santich fan de foarrige iuw is sa ek de varraomyt meikaam.”

‘De bij’ bestiet net
Yn Nederlân binne der 358 bijesoarten. Ien dêrfan is de huningbij. “Wistest dat de holder (hommel) ek in bijesoart is?”, seit Theo. “De measte bijesoarten binne saneamde solitêre of wylde bijen. Dy libje op harsels en lizze sa’n acht aaikes per jier. It folsleine proses fan fersoargjen fan aai oant bij docht de bij sels. Se hawwe it dreech yn Nederlân fanwege dy griene woestinen. Dêr is gjin iten te finen. Guon minsken sizze dat de wylde bij it dreech hat om’t der safolle huningbijen binne wêrtroch der te min iten foar de wylde bij oerbliuwt, mar wistest dat hast elke bijesoart har foarkarsblom hat? De huningbijen binne dan wol de minst sinnige wat planten oanbelanget.”

Set de blomkes bûten
Bijen binne essinsjeel foar in soad oar libben, wêrûnder de minsk. As bijen gjin planten bestowe, giet der noch mear natuer ferlern. Dêrneist groeie der dêrtroch minder fruchten oan planten, wat betsjut dat der minder fruit te keap is en de priis omheech giet. Minder bestowing betsjut ek minder iten foar in soad bisten lykas fûgels, wêrtroch ek dy problemen krije. Wennest yn in rychjeswenning of flatsje middenyn de stêd en tinkst neat betsjutte te kinnen foar de bij? Dan hast it mis. Neffens Theo kin elkenien syn stientsje bydrage oan it helpen fan de bij. “Helje it beton út dyn tún. Soargje derfoar datst in soad ferskillende blommen hast dy’t op ferskillende tiden fan it jier bloeie. Kinst ek sels in ynsektehotel meitsje of keapje. Dêr komme wylde bijen op ôf.”


Tekst: Mark Grupstra / foto’s: Wietze Landman / fideo: Videobrouwers

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators