Ga naar inhoud
MAP
fy

Circus Adje siket bern foar Meesterklas

Circus Adje is op syk nei jonges en famkes dy’t optrede wolle op it Adje Festival en it Fries Straatfestival. Bern út groep 6, 7 en 8 dy’t it leuk fine om mei elkoar in foarstelling te meitsjen kinne no sneon 17 maart fan 10.00 oant 16.00 oere meidwaan oan in yntroduksjeles fan de Adje Meesterklas by Jeugdcircus Saranti yn Ljouwert. Dielname is fergees.

By de Adje Meesterklas krije de bern yn totaal 11 lessen fan ferskillende professionals út de poadiumkeunsten. Hjiryn wurde sirkus, dûns, teater en muzyk mei elkoar kombinearre. Tidens de lessen wurkje de bern ta nei in foarstelling dy’t se op 25 en 26 maaie op it Adje Festival op Winkelpark De Centrale en it Fries Straatfestival sjen litte. Opjaan foar de Adje Meesterklas kin fia adje@kunstkade.nl.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens