Ga naar inhoud
MAP
fy

Club Diplomatique Fryslân ko-sponsor fan Ljouwert-Fryslân 2018

Mei Club Diplomatique Fryslân hat Ljouwert-Fryslân 2018 in nije, grutske ko-sponsor. Tiisdeitemiddei 23 jannewaris is de oerienkomst op it kantoar fan LF2018 ûndertekene. 

Club Diplomatique Fryslân (CDF) is in unike klub fan topûndernimmers en beslúters út it iepenbier bestjoer, de kultuer, it ûnderwiis en de sport mei in grut hert foar Fryslân. Se fiele harren belutsen by Fryslân en de merk- en marktkracht en wolle har dêr hurd foar meitsje. Meiinoar fungearje se as de ambassadeurs fan Fryslân. 

Club Diplomatique Fryslân (CDF) fielt him ferbûn mei LF2018, sa seit ponghâlder Douwe Faber. ‘Meiinoar diele we de ambysje om minsken te ferbinen en de duorsume ekonomyske struktuer, ynnovaasjekrêft, warberens en oantreklikheid fan Fryslân te stimulearjen en promoaten. It is in tematyk dy’t foarstlik oanwêzich is yn it DNA fan Kulturele Haadstêd. It reitsjen fan de Fryske mienskip en har ekonomy is essinsjeel om LF2018 ta in sukses te meitsjen en Fryslân (ynter)nasjonaal sterk op ‘e kaart te setten.’

Tjeerd van Bekkum, algemien direkteur LF2018: “Dat Club Diplomatique Fryslân him hjirmei, sa flak foar it iepeningswykein, folop oan Ljouwert-Fryslân 2018 ferbynt, jout oan dat we hjir yn de provinsje wier mei ús allen de skouders derûnder sette. It jier is goed begûn!” 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens