Ga naar inhoud
MAP
fy

Column Nynke de Jong

Under de offisjele iepening fan taalsintrum Obe op freed 2 febrewaris droech skriuwster Nynke de Jong in column foar oer har memmetaal. By de foardracht wienen gasten oanwêzich dy’t belutsen wienen by it ta stân kommen fan it nije taalsintrum op it Aldehoustertsjerkhôf. Mei tank oan Lân fan Taal is de folsleine tekst no hjir te lêzen, yn in Fryske oersetting.

Memmetaal

Yn myn holle fjochtsje it Frysk en it Nederlânsk hieltyd om foarrang. It bart my op mominten dat ik yn it Nederlânsk besykje út te lizzen dat ik my in bytsje ‘lêbich’ fiel, of ‘heal’. As ik wat ‘gremitich’ bin. Besykje it út te lizzen oan in Hollander, en je komme der net út. It Frysk hat foar in soad gefoelens bettere wurden. Mar as ik mei in djip-Fries praat, besykje ik út alle macht de Nederlânske wurdsjes derút te hâlden. Brûk ik yniens wurdsjes as ‘bolstjurrich’ en ‘halje trawalje’ om mar dúdlik te meitsjen dat ik wier noch wol in Fries bin. Sa slalomje ik al jierren tusken myn twa talen troch. By Fryske freonen switch ik sûnder muoite nei myn memmetaal. Bûten Fryslân praat ik hast aksintleas Nederlânsk.

De lestige mominten komme by grutte emoasjes. Of by grutte dronkenskip. Nei in pear boarrels kin ik faak de drang net wjerstean om it Simmer 2000-liet te sjongen. Ik kin ‘m noch hielendal út ‘e holle, en blykber moat die hiele tekst songen wurde, ûnder twang fan kening alkohol. It is in drang dy’t te fergelykjen is mei de syklike oanstriid fan Friezen om oan oare Friezen altyd metien te freegjen wêr’t se wei komme. In net te betwingen gefoel. Je moatte it witte. Fan wa bisto der ien??? Oh komst út Dronryp? Kenst Piet en Geeske?? Watt? Bist famylje fan Piet en Geeske? Myn âld buorfrou is ék famylje fan Piet en Geeske!!!

Ik wenje al hiel lang net mear yn Fryslân, mar dit silst der noait mear útkrije. Altyd it Simmer 2000-liet, altyd freegje ‘waar iemand WEG komt’. Doe ik yn ferwachting rekke fan myn dochter, no oardel jier lyn, haw ik der noch efkes oer tocht om allinne mar Frysk tsjin har te praten. Myn broer, dy’t yn Amsterdam wennet, docht dat ek by syn bern, en ik fyn it altyd sa leaf klinken. Mar dochs seach ik gau ôf fan dat idee. It fielde as bûtenslúten, as ik yn it bywêzen fan myn Brabantske man Frysk prate soe tsjin har. As woe ik oer him rabje.

Mar doe waard se berne.

En jou de hormoanen mar de skuld. Of de morfine. Lichtwol hie de rêchprip ek myn taalsintrum lamlein. Ik wit net hoe’t it kaam, mar ik koe allinne mar Frysk tsjin har prate. Ik hie it allinne mar oer ús lytse protter. De iennige berneferskes dy’t ik oer de lippen krige, wienen de berneferskes fan Hindrik van der Meer. ‘Efter de pleats fan omke Geart leit in grauwe baarch yn’e sleat.’ Tsjin alle beskút-mei-mûskes-fretters dy’t op ‘e kofje kamen, prate ik gewoan Nederlânsk.

Mar tsjin myn dochter, sa lyts as se wie, koe ik mei gjin mooglikheid ‘Ik ga slapen ik ben moe’ sjonge. Nee, dat moast ‘ik gean sliepen ik bin wurch’ wêze. It wie myn memmetaal. As waard ik troch har begjin weromslingere nei myn begjin. De widze, wêr’t sy no yn lei te sliepen, wie oait myn widze. As krige ik by dy widze fergees en foar neat de taal fan myn jeugd. 

Kinst rasjonele karren meitsje. In aksint ôfleare. Ferhúzje. Mar de taal fan de holle stiet folslein los fan de taal fan it hert. It hert sprekt sa’t it sels winsket te sprekken. Dêr moatst ek net tsjinyn gean. Dat moatst lekker pleatsfine litte. It is bylutsen. Wilens prate we Nederlânsk. Utsein as ik boas bin. Dan praat mama Fries. ‘TINK DEROM JANNE’. En as se sliepen giet. Dan is it ‘Ik gean sliepen, ik bin wurch’ en ‘Sliep seft myn berntsje’. 

En as ik it ljocht útdoch en de doar ticht, ropt myn dochter tsjintwurdich út harsels ‘Oan’t moarn’.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens