Ga naar inhoud
MAP
fy

Daan Roosegaarde trapet projekt Waterconnecting 2018 spektakulêr ôf

It Wilhelminaplein is op tongersdei 1, freed 2 en sneon 3 febrewaris it domein fan keunstner Daan Roosegaarde. Dêr is dan it fergees tagonklike fisuele spektakel Waterlicht. Roosegaarde biedt it publyk spesjaal foar Ljouwert-Fryslân 2018 in dreamlânskip: oer de krêft en poëzy fan wetter. It ljochtkeunstprojekt is earder opfierd yn Madrid, Parys en Amsterdam en luts dêr tsientûzenen besikers. 

Waterlicht is it offisjele startskot fan WaterConnecting 2018, it wetterprogramma fol mei wettereveneminten yn en om Ljouwert hinne yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018. Hast it oer Fryslân, dan hast it oer wetter. Ljouwert is ek dé Europeeske koprinner op it mêd fan wettertechnolgy. Fryslân is bekend om har marrengebiet, in gebiet fol wetterhistoarje en foarbylden fan hoe’t Nederlân libbet mei wetter. WaterConnecting 2018, it wetterprogramma fan LF2018, is in inisjatyf fan de Gemeente Ljouwert, Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân.  

Waterlicht bestiet út weagjende linen fan ljocht, makke mei de nijste LED-technology, software en linzen. Waterlicht fisualisearret de krêft en ympakt fan wetter: in firtuele oerstreaming. It lit sjen hoe heech it wetter stige kin sûnder minsklike yntervinsje. Waterlicht is in erfaring dy’t dit yn it ûnthald werombringt. Waterlicht lit dy ûnderfine hoe’t it is om yn in stêd ‘ûnder wetter’ te stean. It lit dy ynsjen dat we tsjintwurdich frijwarre binne fan de eangst foar oerstreamingen en bringt ek it besef hoe wichtich it is om soarchfâldich om te gean mei ús wrâld.

Tagelyk is Waterlicht ek in besinning op de potinsje en krêft fan wetter foar yn de takomst: kinne we driuwende stêden bouwe? Hoe kinne we wetter it bêste as boarne fan enerzjy brûke? 

Nasjonale wetterdei 
It is net tafallich dat Waterlicht op 1, 2 en 3 febrewaris te sjen is yn Ljouwert, want dat wykein binne der yn it hiele lân aktiviteiten yn it ramt fan Nationale Waterdag. Dan betinke we de wettersneedramp fan 1953 en steane we stil by hoe’t wy tsjintwurdich mei wetter libje en wurkje. Njonken Waterlicht binne der noch mear aktiviteiten yn Ljouwert dat wykein.

Wetteraktiviteiten fan 31 jannewaris oant ‘e mei 3 febrewaris 
Om it Wilhelminaplein hinne binne der op grutte doeken in achttal wettergedichten te lêzen, skreaun troch de Dichters fan Fryslân. Op woansdei 31 jannewaris stiet de útstjoering fan Iepen UP Live – de ko-produksje fan LF2018 en Omrop Fryslân – hielendal yn it teken fan wetterkampioenen en wurde der promininte wettergasten ûntfongen. Op sneon 3 febrewaris stiet der in lêzing fan Daan Roosegaarde op it programma by it iepeningswykein fan Lân fan Taal. 

Roosegaarde’s Icoon Afsluitdijk – Lichtpoort as nije yntree nei Ljouwert-Fryslân
Earder dit jier is Lichtpoort, de nije futuristyske yntree nei Fryslân iepene. Lichtpoort is in ûnderdiel fan it design ynnovaasjeprogramma Icoon Afsluitdijk wêrmei’t Daan Roosegaarde in bydrage leveret oan it fersterkjen fan de Ofslútdyk as ikoan foar de Nederlânske wetterwurken. Jûns wurde de 60 monumintale heftuorren yn it ljocht setten troch de koplampen fan auto’s. As der gjin auto’s ride ljochtsje de gebouwen net op. Der ûntstiet in dynamyske yntree nei Ljouwert-Fryslân, de kulturele haadstêd fan Europa, foarme troch in arsjitektoanysk opljochtsjend linenspul dat it monumintekompleks sweve lit as oft de autobestjoerder troch in sciencefictionfilm rydt.  

Tagong en tiden
Waterlicht is te sjen op tongersdei 1, freed 2 en sneon 3 febrewaris op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Op tongersdei en sneon fan 17.30 oant 23.00 oere, en op freed fan 18.30 oant 23.00 oere. It evenenemint is fergees tagonklik. 

Daan Roosegaarde
Daan Roosegaarde stiet ynternasjonaal bekend om syn sosjale ûntwerpen. Mei it team fan designers en engineers fan Studio Roosegaarde wurket er oan ûntwerpen dy’t de relaasje tusken minsk, technology en romte ferbetterje moatte. Ynteraksje, ynnovaasje en skientme steane sintraal yn wat er omskriuwt as ‘technopoëzy’. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens