Ga naar inhoud
MAP
fy

Dan Brown is fan fan LF2018 en De Stormruiter

Us Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 hat der in fan fan formaat by. Gjinien minder as Dan Brown, skriuwer fan wrâldwiid ferfilme bestsellers as De Da Vinci Code en Het Bernini Mysterie (mei Tom Hanks yn de haadrol) is frege om ambassadeur te wurden fan De Stormruiter en LF2018.  En Brown hat ja sein. Wat syn rol krekt wurdt, dêroer binne we no yn petear. Sjoernaliste Diane Romashuk fan it Frysk Deiblêd skreaun der tongersdei 5 april in artikel oer. It stik hawwe we hjirûnder folslein pleatst, yn in Fryske oersetting. 

De Amerikaanske bestsellerauteur Dan Brown wurdt ambassadeur fan muzykteaterspektakel De Stormruiter en Ljouwert Kulturele Haadstêd. “Wat er krekt dwaan sil, of wannear, dat moat allegear noch ôfstimd wurde, mar hy hat al wol ja sein op it kombinearre ambassadeurskip”, befêstiget LF2018-wurdfierder Radboud Droog. 

De skriuwer fan ûnder mear De Da Vinci Code en Oorsprong is in bekend leafhawwer fan Fryske hynders, wêrfan’t der sa’n hûndert skitterje yn De Stormruiter. Sa kaam er yn 2014 al nei Ljouwert foar bygelyks de hynstekeuring en Faderpaard yn it WTC Expo, in eardere foarstelling fan Stormruiter-regisseur Jos Thie, mei in haadrol foar it Fryske hynder. Mei syn frou hat Brown sels ek meardere Fryske hynders. Droog: “Syn frou wie noch by de lêste hynstekeuring, en ek hy is hjir in pear kear west. Yn syn boek Inferno komt ek in Frysk hynder foar.”

Binnen de LF2018-organisaasje waard Brown dan ek yn in betiid stadium al oppere as ien fan de mooglike ambassadeurs fan it kulturele haadstêdjier, fertelt Droog. “Mar dêr is doe noait echt wurk fan makke.”

Oardel moanne lyn die Siebe Annema, marketingman fan De Stormruiter, dat wol. Hy skreau Brown in brief, ek ûnderteke troch LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum. Droog: “Dêryn waard Brown útnûge om nei Ljouwert te kommen om wat fan it kulturele haadstêdjier mei te krijen – we hoopje him yn septimber bygelyks as gast by de premjêre fan De Stormruiter ûntfange te meien – mar ek frege of er eat binnen it programma dwaan wol.”

As reaksje kaam der ek in útnûging werom. “Hy wie entûsjast oer it ambassadeurskip en nûge op syn beurt in Stormruiter-delegaasje út om begjin maaie nei syn ranch yn New Hampshire te kommen om fierder te praten.”

Mei op it stuit de bêst ferkeapjende tthrillerauteur fan Nederlân, kin de ynfollig fan it ambassadeurskip in protte kanten op, tinkt Droog. “In grappige anekdoate dy’t er Siebe fertelde, is dat er as bern twa posters op syn keamer hie te hingjen: ien fan in skilderij fan Leonardo da Vinci en ien mei dêrop it wurk fan M.C. Escher. De heit fan Brown wie ek al leafhawwer fan de yn Ljouwert berne keunstner, en hat dat trochjûn oan syn soan. Der binne dus mear linkjes mei Fryslân dy’t ek oanslúte by it LF2018-programma.”

Ek de foarm fan de bydrage fan Brown leit noch folslein iepen. “Sels hat er al wol oanjûn it net mei kommersjele belangen, dus om mear boeken te ferkeapjen, dwaan te wollen.”



Bron: Diane Romashuk fan it Frysk Deiblêd 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens