Ga naar inhoud
MAP
fy

De kop is derôf: de earste fan 32 Under de Toer-projekten is fan start. Sammelje se allegearre!

It iepeningswykein fan Kulturele Haadstêd 2018 fynt op 26 en 27 jannewaris plak, mar yn Drylts koenen se net sa lang wachtsje. Tusken 1 en 6 jannewaris wurde dêr al foarstellingen opfierd. Net nuver ek; de foarstelling hjit fan ‘De Frijtinker’, types dy’t altyd in bytsje eigenwiis binne. It is it earste projekt fan Under de Toer. Wa’t álle 32 projekten besiket, makket kâns op in bysûndere priis. 

It hiele jier 2018 sille der op 32 plakken yn Fryslân ferhalen yn en om tsjerketuorren hinne ferteld wurde, elk op in eigen, unike wize. Sa wurdt fan ein jannewaris ôf it ferhaal fan Marijke Muoi ferteld – it twadde projekt yn de rige. It is belibbingsteater, wêrby’t alle sintúgen prikkele wurde. It tredde projekt is wér wat oars: in houtsnijfestival yn Mantgum: ‘De man dy’t hout dûnsje liet’. Oan wa’t ál dizze ferhalen sammelet, rikt Under de Toer in priis út. 

Priisfraach 
Under de Toer hat oankundige de wiere ferhalesammelers te beleanjen mei in fergees Under de Toer-jier en ivige rom. Ivige rom, yn hokker foarm? Artistyk lieder en meibetinker fan it projekt Jos Thie wol noch net in soad ferklappe, mar der is in plan om it neilittenskip fan Under de Toer fêst te lizzen, en dus ek de ferhalesammelers te earen.

Thie ried elkenien oan om mei te dwaan oan dizze priisfraach. “It giet fansels net allinne om it winnen, mar just om de ferhalen en hoe’t dy ferteld wurde. Elk projekt hat wat unyks, oft dat no de ûnderfining is, de foarm óf de minsken dy’t deroan meiwurkje. Lokale keunstners dy’t gearwurkje mei de mienskip, of dy’t oeral út Europa wei nei Fryslân komme, lykas tidens ‘Fertellendeweis’ yn Tytsjerk. It binne allegear ferhalen dy’t je bybliuwe. Ferhalen dy’tst sammelje wolst.

Mear ynformaasje oer de priisfraach en alle projekten is te finen op www.underdetoer.nl. De Frijtinker spilet fan 1 oant ‘e mei 6 jannewaris yn Drylts. Sjoch foar kaarten en mear ynformaasje op www.muziektheaterijlst.nl.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens