Ga naar inhoud
MAP
fy

De leafhawwende heit efter de gefangene

“Do kinst it hjir yn de gefangenis hiel dreech hawwe, mar ek hiel maklik”, begjint Martin. “Dat leit oan dysels. Ik kin it goed fine mei de oare minsken, ûnder wa de bewekkers, ik haw hjir wurk en ik brûk gjin drugs. Dêrtroch haw ik in frij maklike tiid.”

Martin is ien fan de detinearren dy’t spylje yn it teatertrijelûk Holstmeer. In unyk stik yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 wêrfan’t ien fan de trije foarstellings yn de Penitinsjêre Ynrjochting Ljouwert plakfynt. De akteurs binne tsien detinearren. Twa fan har, se neame harsels Marco en Martin, fertelle oer de foarstelling, mar foaral oer it libben yn de gefangenis en sjogge koart foarút nei in ûnwisse takomst yn frijheid. Mei yn gedachten altyd harren dochters.

Wurk yn de bajes
Marco en Martin wurkje beiden yn it klusteam fan de gefangenis. Marco helpt mei skjinmeitsjen, gersmeanen en oare putsjes. “Ik sjoch út nei it moaie waar, dan kinne we lekker nei bûten”, seit er. Martin helpt yn it magazyn by it lossen en laden fan frachtweinen. “It wurk is leuk, de troch-en-deiske dagen fleane foarby”, fertelt er. “Mar de wykeinen duorje hiel lang. Dan giet moarns om healwei achten it doarke iepen en om kertier foar fiven wer ticht. De dagen krûpe dan foarby mei hingjen en televyzje sjen.”

In hotel
It binne foarsjennings as in televyzje op ‘e keamer dy’t derfoar soargje dat in soad minsken fan bûten de muorren de gefangenis in hotel neame. “Dy miening hie ik ek”, seit Marco. “No, dat falt fiis ôf. Ja, do hast in televyzje en in magnetron, mar dêr is alles ek mei sein. It slimste is datst hjir dyn frijheid dûbeld kwyt bist. As earste sitst hjir fêst, kinst net nei bûten, en as twadst bist de rezjy oer dyn libben kwyt. Elke dei wurdt dy ferteld watst dwaan moatst.”

De foarstelling ‘In mijn hoofd ben ik vrij’, it ûnderdiel fan Holstmeer wêryn’t de mânlju spylje, fynt plak yn de gymnastykseal fan de gefangenis. Lâns de râne fan de seal steane tsien bêden, opmakke mei streept bêdeguod. Middenyn de seal, dêr’t gjin deiljocht ynkomt, sitte Marco en Martin, op de giele en blauwe houten stuoltsjes dy’t foar it publyk binne. Alles is sa delsetten dat de spilers sa ûnwerkenber mooglik bliuwe foar de sjoggers. 

“Ik spylje in heit dy’t nochal ris frustrearre is”, seit Marco. “Ik moat sa no en dan boas oerkomme troch te skellen of wat dan ek.” De mânlju spylje beiden in rol dy’t tichtby harren eigen ferline stiet. 

Se dogge graach mei oan de foarstelling. “Doe’t wy hjirfoar frege waarden”, seit Marco, “hoechde ik der gjin momint oer nei te tinken om mei te dwaan. Under de repetysjes haw ik wolris tocht: wêr binne we oan begûn?” Hy laket, weromtinkend oan dy mominten. “Dan moasten we gekke spraak- of sykheloefeningen dwaan en seagen we elkoar oan. Uteinlik hat regisseur Sylvia Andringa wol in prachtige foarstelling delsetten.”

Grinsferlizzend teater
“Ik doch hjiroan mei om myn grinzen te ferlizzen”, seit Martin. “Foar de premjêre wie ik behoarlik senuweftich, mar doe’t we in steande ovaasje krigen, wie it dochs wol hiel moai. Ik skrok der allinne fan dat ik werkend waard troch minsken út it publyk. Dat hearde ik efterôf. Ik koe se net, mar dat is dochs wol wat beëangjend. Dochs haw ik der gjin spyt fan dat ik hjiroan meidoch. Holstmeer is de earste útferkochte foarstelling fan Ljouwert-Fryslân 2018. Dat jout ek wol oan dat it wichtich is wat we dogge. We binne dêrom ekstra motivearre om wat moais del te setten.”

It stik hjit fan ‘In mijn hoofd ben ik vrij’. Dit is net it gefoel dat Marco en Martin hawwe. “Ik haw in hiel leave dochter wêr’t ik by wêze wol en leuke dingen mei dwaan wol”, leit Martin út. “Mar dat kin net. Se komt wol op besite, mar moat altyd wer fuort. Dat is foar ús beiden dreech en dêrtroch fiel ik my yn myn holle net frij.” Famylje en benammen harren dochters binne foar de mannen ferskriklike wichtich. Se foarmje harren rots yn ‘e brâning. “As ik frij kom, gean ik fuortendalik mei myn dochter nei in waarm lân. Dêrnei sjoch ik wol fierder.” 

Unwisse takomst
Dy frijheid komt foar Martin hieltyd tichterby. Hy telt de moannen ôf. Dochs soe it samar minder leuk wurde kinne as it liket. “Ik bin bang foar wannear’t ik frij kom”, seit Martin. “Ik sit al in oantal jierren fêst en de wrâld is bot feroare. Der binne nije strjitten oanlein, sels folsleine wiken boud. We meie earst wol in rûnlieding krije. En dan hast noch de social media. Ik wit hoe’t pinne wurket, mar is dat systeem aanst feroare? It bangst bin ik foar de miening fan oaren. Ik wol werom nei it doarp wêr’t ik wenne foar’t ik hjir kaam, sadat ik tichter by myn dochter bin. Ik sit hjir foar in swier delikt en bin bang foar hoe’t der aanst nei my sjoen wurdt.” Marco sjocht hiel oars nei syn frijheid út. “It sil my wier in soarch wêze wat oaren fan my tinke. Salang’t myn famylje mar fan my hâldt, dan haw ik alles.” 

Holstmeer wiist derop dat de gefangenen fan de PY Ljouwert en de froulju fan FIER ek ûnderdiel fan de mienskip binne. Marco en Martin sjogge harsels oars net as ûnderdiel fan dizze maatskippij. “De maatskippij beskôget ús as meunsters, wylst ik in leafhawwende heit bin”, seit Marco. “En sa wol ik ek dat minsken mei sjogge. Mar de media witte je faak sa negatyf del te setten en sjogge net nei de persoan efter de die. Der sitte hjir ferskillende minsken. Guon kieze der bewust foar om in wapene oerfal te pleegjen, oaren krije mei omstannichheden te meitsjen dy’t se net sels yn ‘e hân hawwe. De skiedsline tusken goed en fout is sa tin datst der sa oerhinne stapst. En dan sitst hjir. Ik fergriem myn tiid hjir. Tiid dy’t ik mei myn famylje trochbringe wollen hie. Tiid dy’t nea wer weromkomt.”

Nei de gefangenis
Nettsjinsteande dat Holstmeer útferkocht is, tinkt PY Ljouwert deroer nei om faker foarstellings foar minsken fan bûten de muorren te meitsjen. Ek binne der gauris iepen dagen, sadat minsken in ynsjoch krije kinne yn it libben yn de gefangenis. 

Holstmeer is in teaterproduksje fan  De Jonge Republiek

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman / fideo: Videobrouwers

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens