Ga naar inhoud
MAP
fy

De monnik út Bologna

In ezel, buro, lyts rút en tsientallen potsjes en pantsjes. It atelier fan keunstner Giorgio Morandi (1890-1964) wie mar in sobere boel. In bewuste keuze. Sa krige er gjin ûnwinske prikkels dy’t syn wurk beynfloedzje koenen. Foar in soad minsken is Morandi in foarbyld en dé grutste keunstner fan de tweintichste iuw. Yn Museum Belvédère is oant ‘e mei 10 juny in eksposysje yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 fan dizze skilder. Waan dy yn Bologna, set foet yn syn atelier en ûntdek de objekten dy’t de man skildere. 

De muorren fan Museum Belvédère hingje fol mei stillevens. Tsientallen kearen deselde faaskes, gleskes en potsjes yn ferskillende opstellingen, mei ferskillende ljochtynfallen en fanút in oar perspektyf. Morandi koe der dagen oer dwaan om de juste opstelling te finen. Miskien duorre it finen fan de komposysje wol langer as it skilderjen sels. “Hy lei altyd papier op syn buro en tekene dêr de omtrek fan de foarwerpen mei potlead”, fertelt Han Steenbruggen, direkteur-konservator fan Museum Belvédère, wylst er in oantal ferwierre potsjes oer in tafeltsje skood yn it atelier dat yn it museum neiboud is. In protte fan syn foarwerpen fûn Morandi op rommelmerken en yn winkeltsjes mei twaddehânsk produkten. Ien dêrfan is glânzjend wyt. “Morandi hate glânzjende foarwerpen om’t dy it ljocht wjerkeatse. Dy beskildere er faak yn in sobere kleur.”

Op wrâldreis fanút hûs
Nettsjinsteande dat er syn wenplak Bologna yn Italië hast net ferliet, is syn wurk de hiele wrâld oer west, fan New York oant Japan, en wûn er ferskate prizen. In inkeld retourke weage  er foar in priisútrikking yn Switserlân. “Ast op reis giest, krijst allegear yndrukken”, seit Han. “Dat soedest yn syn wurk weromsjen en dat woe Morandi net. Neffens him kinst dy better konsentrearje op watst kenst en net al zappend troch de wrâld gean. Soedest him as in soarte fan monnik sjen kinne. Hy libbe hiel sober en wie fanatyk, hast religieus, mei ien ding dwaande.”

It is hiel bysûnder dat it wurk fan Morandi no op It Hearrenfean hinget. “In soad minsken ûnderskatte de eksposysje, mar Morandi is de grutste namme dy’t we oait yn Fryslân hân hawwe. En dat is mei tanksij de titel Kulturele Haadstêd fan Europa mooglik. Doe’t Ljouwert útroppen waard ta kulturele haadstêd binne we yn dit museum fuortendalik neitinken gien wat we dêrmei dwaan koenen.”

De siel achter de potsjes en pantsjes
Han is fol passy oer de skilder. Wylst er troch in boek blêdet mei wurk fan de keunster komt er syn favorite skilderij tsjin. Foar ien dy’t Morandi net ken mooglik mar in samling potsjes yn sobere kleuren as brún en griis, mar foar Han hiel wat oars. “It giet allinne noch mar oer ljocht. Ynkapsele ljocht. Der sit hast gjin kleur mear yn. It hoecht ek allegear net sa swier en yngewikkeld om ta in emoasje te kommen. It giet net oer de potsjes, mar oer de siel derachter.” Han draait him wer om nei it tafeltsje, besjocht de opstelling en tilt de holle wat op. “No sjocht it der hiel oars út as doe’t ik fan in leger punt seach. En as ik no wat skow mei dizze faas falt der wer in oar skaad op dat potsje.” Hy wiist. Krekt sa boarte Morandi mei de foarwerpen yn syn atelier. 

De keunstner libbe yn in turbulinte tiid fan wrâldoarlogen en ferskillende keunststreamingen. “Hy keas syn eigen rjochting doe’t alle avant-gardes as it ekspresjonisme en it kubisme losbaarnden yn Europa. In protte keunstners fan dy tiid waarden ynspirearre troch grutte tema’s as de wrâldoarlogen en de Kâlde Oarloch. Morandi bleaun by himsels en krige dêrtroch in soad oansjen by kollega’s.”

De painter's painter
Morandi wurdt wol in painter’s painter neamd om’t er foar in protte hjoeddeiske keunstners in ynspiraasjeboarne is. Guon fan har binne de Friezen Willem van Althuis, Boele Bregman en Christiaan Kuitwaard. In oantal fan de wurken dy’t basearre binne op Morandi’s wurk, hingje ek yn Museum Belvédère.

De eksposysje fan Giorgio Morandi is bewust oan it begjin fan 2018. “We begjinne it jier mei in grutte, ynternasjonale eksposysje. Op 23 juny start Oase Oranjewoud, oer de omjouwing fan it museum, en dêrnei, begjin oktober, in tentoanstelling fan Tjibbe Hooghiemstra, in echte Fryske keunster. Sa geane we fan ynternasjonaal nei ús regio.”

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman & John Stoel

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens