Ga naar inhoud
MAP
fy

De poarte nei Fryslân

It skip, mei dêrop de kraan dy’t sakrekt de oanlissteger ôf makke hat, besiket it iis fan de Iselmar te trochbrekken. It slagget net. It bromjen fan de boechskroef is te hearren yn it restaurant fan it nagelnije Afsluitdijk Wadden Center by Koarnwertersân. Fassinearre sjocht Bert Kranendonk, direkteur fan Kexcom en eksploitant fan it Afsluitdijk Wadden Center, ta. Op dit stuit wurdt de lêste hân lein oan it sniewite gebou, de feestlike iepening is op 24 en 25 maart. 

“We hawwe der spesjaal foar Ljouwert-Fryslân 2018 foar soarge dat it gebou begjin 2018 klear is”, seit Bert Kranendonk. “It wie spannend, om’t der in soad ferskillende partijen oan wurkje. Al mei al is it yn in lyts jier realisearre.” It gebou bestiet út wite seishoeken, de seishoek komt werom yn it basalt wêrmei’t de dyk boud is en de foarm dy’t skomkoppen ûnder de mikroskoop hawwe. 

Tûzenen besikers
Bert ferwachtet minimaal 100.000 besikers yn it jier. “Alle jierren stopje 250.000 minsken op de Ofslútdyk. Mei it nije sintrum is de dyk net allinne in wetterkearing, mar ek in toeristyske bestimming. Dat is it doel fan de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân, dy’t dit projekt yn it libben roppen hawwe. As der mear besikers nei de Ofslútdyk komme, komme der ek mear nei Fryslân.” It sintrum is ûnderdiel fan de Legacy fan LF2018, want it soarget nei 2018 foar in gruttere stream oan toerisme. It gebou besteget oandacht oan de feroaringen dy’t de kommende tsien jier op de dyk plakfine. Sa komme der kuier- en fytspaden lâns de dyk, wurdt er fersterke en komt de bekende fiskmigraasjerivier op rinôfstân fan it sintrum. 

By de yngong fan it gebou rinst tsjin de baalje oan. Op de begeane grûn sit it restaurant fan SKOM mei terras, dat útsjocht op de Iselmar en de kazematten. By de baalje binne der audiotours yn tsien talen te folgjen, fan Frysk oant Sineesk en Russysk. “Sinezen binne sljocht op de Ofslútdyk”, leit Bert út. “Om’t de Sineeske muorre en de Ofslútdyk ta de pear troch de minsk makke objekten hearre dy’tst fanút de romte mei it bleate each sjen kinst.”

Fjouwerdiminsjonaal
De audiotour fiert de besiker nei boppe lâns trije tema’s. Te begjinnen yn in romte fol aksje wêr’tst stoarmen belibbest dy’t de Ofslútdyk stien hat en noch te wachtsjen steane. Mei trillingen, byld, lûd en sels de geur erfaarst de skientme en de krêft fan de natuer. “De sâltige seelucht silst net bewust waarnimme, mar fersterket ûnbewust dyn erfaring”, seit Bert.

Dêrnei komme de besikers by it folgjende tema: oplossingen. “Wy Nederlanners wolle alles oplosse. Yn oare lannen soenen se gewoan fuortgean, mar wy bouwe in dyk. Dy is yntusken hast hûndert jier âld en mei it feroarjende klimaat is dy oan fersterking ta.” De audiotour einiget by it tema ‘de stilte nei de stoarm’. Yn dy romte komme besikers lekker sitte en genietsje fan it prachtige útsicht of it dak opgean foar in panoramysk útsjoch oer sawol It Waad as de dyk en de Iselmar. 

Flean mei mei de skries
Njonken de eksposysje is der noch in Fly Right-romte. In filmseal lykas de simulator fan de kermis. Yn in bankje dat frij yn ‘e romte bewege kin, waant de besiker him ûnder de skriezen: in greidefûgel dy’t syn briedplak yn Nederlân hat. Hingjend ûnder de fûgel fleanst oer de Ofslútdyk. Ek hjir is de erfaring multydiminsjonaal mei beweging, byld, lûd en geur, ditkear fan krekt meand gers ûnder de poaten fan de skries. 

“Kinst minsken fertelle dat de Ofslútdyk, de Iselmar en It Waad moai binne, mar kinst se it ek sjen en belibje en sels ûntdekke litte”, seit Bert. “Ik neam mysels Experience Architect. Ik lit minsken dingen belibje.” Bert is betinker fan ûnder oare de Heineken Experience dy’t alle jierren goed in miljoen besikers lûkt. “Unyk oan it Afsluitdijk Wadden Center is dat we mei safolle partijen gearwurkje dy’t allegear harren ferhaal fertelle wolle. Wy hawwe dat yn in foarm getten wêryn’t alle ferhallen meiinoar ien logysk ferhaal foarmje.”

Fergees yntree
De Fryske en Nederlânske audiotours binne fergees. Allinne foar de Fly Right-romte moat in kaartsje kocht wurde. Foar tours yn oare talen jildt in lytse bydrage. 

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens