Ga naar inhoud
MAP
fy

Ekstra foarstellingen De Stormruiter

Der komme ekstra foarstellingen fan De Stormruiter. Yn septimber en oktober wurdt it muzykteaterspektakel noch sân kear ekstra opfierd. De fyftjin yn’t earstoan programmearre foarstellingen binne yntusken útferkocht. De kaartferkeap foar de ekstra foarstellingen set moandeitemoarn 5 febrewaris om 11.00 oere útein. Kaarten kinne inkeld en allinne online kocht wurde fia www.destormruiter.nl.

De Stormruitrer
De Stormruiter is ien fan de grutste fan hûnderten produksjes binnen it programma fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 en fynt plak yn septimber en oktober dit jier, yn it WTC Expo yn Ljouwert. De kaartferkeap rekke de ôfrûne wiken yn in streamfersnelling. Ofrûne tiisdei waarden de lêste fan de 65.000 beskikbere kaarten ferkocht. Mei de ekstra foarstellingen komt it totaal oantal kaarten foar De Stormruiter op 100.000 út.

De ôfrûne dagen is der efter de skermen drok oerlein oer de mooglikheid om ekstra foarstellingen oan te bieden. In útrin fan de produksje is net mooglik. “De Stormruiter is altyd presintearre as in ienmalige topproduksje dy’t net ferlinge wurdt”, sa seit regisseur Jos Thie. “Binnen it spylskema siet noch romte, dy hawwe we no benut. Mar om de hege kwaliteit fan de foarstellinge garandearje te kinnen, is dit it maksimaal helbere oantal foarstellingen.”

Start kaartferkeap
Moandeitemoarn om 11.00 oere wurde de kaarten foar de sân nije foarstellingen beskikber steld: woansdei 19, snein 23 en snein 30 septimber (matinee-foarstellingen), tongersdei 4, freed 5, sneon 6 en snein 7 oktober.

It ferhaal
De Stormruiter is epyske fertelling oer de ivige striid fan de minsk tsjin it wetter en it ûntstean fan it Fryske hynsteras. It skript is basearre op de njoggentjinde iuwske novelle ‘Der Schimmelreiter’ fan Theodor Storm, in klassiker út de Dútske literatuer. De Stormruiter fertelt it dramatyske libbensferhaal fan de eigensinnige dykgraaf Hauke Haien, dy’t mar ien doel foar eagen hat: in dyk bouwe dy’t de iuwen trochstiet. 

Mei mar leafst 100 Fryske hynders, in topcast mei ûnder oaren Jelle de Jong, Annemaaike Bakker, muzyk fan de Wëreldbänd, hûnderten toantielspilers út Fryslân en dêrbûten, is De Stormruiter in absolút hichtepunt yn it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens