Ga naar inhoud
MAP
fy

Fjouwer dagen kleurryk Yiddish Waves

Fan 1 oant ‘e mei 4 maart is Ljouwert hiel efkes Jiddyske haadstêd. Mei in oantreklik programma fan konserten, workshops, lêzingen, húskeamerkonserten, shmuezen en noch folle mear dielt YIDDISH WAVES it typysk Jiddyske mienskipsgefoel, solidêrens, de waarmte en de humor. It fjouwerdaagse festijn fynt plak yn it âlde Joadske stedsdiel, by Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar en Histoarysk Sintrum Ljouwert. De konserten wurde yn de Westertsjerke hâlden, it eardere Poppoadium Romein. 

Klezmer en wrâldmuzyk, moeting fan kultueren
Op it programma steane ynternasjonale artysten dy’t faak noch net earder yn Nederlân op it poadium stien hawwe. Tongersdeitejûn 1 maart iepenet it festival mei de Nederlânske premjêre fan Karavanserai, in ynternasjonale muzikale ûntdekkingsreis. De Jiddyske diva fan Nederlân Lucette van den Berg sil tegearre mei ynternasjonale topmusisy Kamal Hors, Anass Habib, Modar Salameh en Gregor Schaefer op muzikale ûntdekkingsreis. Jiddyske, Arabyske, Andalusyske en Syryske muzyk wurde transformearre ta in nij, harmoanysk universum, in nije klankwrâld. Fierder Pan European Punkfolk: Daniel Kahn & the Painted Bird spylje op freedtejûn 2 maart nûmers fan harren nije album The Butcher’s Share. Op spesjale útnûging fan de Hongaarske ambassade spilet op sneontejûn 3 maart de wrâldwiid ferneamde Hongaarske folkmuzykband MUZCIKÁS. Op sneintemiddei 4 maart: ‘Talk about your good vibrations – this is pure soul music with a Jewish heartbeat’. Ut de FS, Ruslân en Grut-Brittannië komme Sklamberg & the Shepherds, trije renommearre artysten út de ynternasjonale Jiddyske muzykscene nei Ljouwert om peareltsjes fan de Jiddyske muzyk hearre te litten. 

Fierder op it programma: Andrea Pancur mei it programma Alpen Klezmer, Efim Chorny en Susan Ghergus út Moldavië, The Dutch Yiddish Divas Lucette van den Berg en Rolinha Kross mei Tsulib Willy, in memorialkonsert foar de okkerdeis ferstoarne bekende Jiddyske aktrise en foarfjochter fan it Jiddysk, Willy Brill. 

Mar der steane ek Nederlânske Jiddyske muzikanten, bands en ensembles op it programma, lykas de bekende Shtetl Band Amsterdam, Trio C tot de Derde, NewKlezCollectif, Klezmer & Co, Syntact Ensemble, Marie Hoogendam en Riemer den Ouden. 

Toffe workshops en lêzingen foar goochemerds
Bolleboos, gabber, mesjogge of kapsones: de Nederlânske taal sit grôtfol mei Jiddyske wurden. Dat is net sa nuver, want de Jiddyske kultuer is altyd thús yn oare lannen. Hiel Europa klinkt troch it Jiddysk hinne. For wa’t mear fan de Jiddyske kultuer witte wol is Tresoar it plak om te wêzen. As ûnderdiel fan it taalfetsijn Lân fan Taal binne hjir op freed, sneon en snein sa’n fyftjin ferskillende taal- en muzykworkshops en lêzingen te folgjen oer de Jiddyske kultuer. Yn de yntreehal fan Tresoar wurdt in shmues-krays ynrjochte, in Jiddyske kletsklub, wêr’t elkenien útnûge wurdt in wurdsje Jiddysk mei te shmuezen. Mameloshn-sprekkers Salomon en Paulette Bielasiak út Parys nimme de gasten mei yn in kleurrike Jiddyske wrâld. 

It folsleine festivalprogramma is te finen op www.yiddishwaves.nl

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens