Ga naar inhoud
MAP
fy

Frijwilliger yn 2018 is reuze leuk

De Reuzen binne yn oantocht. Yn augustus komme de giganten fan it Frânske teaterselskip Royal de Luxe nei Ljouwert. It spektakel sil nei alle gedachten hûnderttûzenen besikers lûke. Wa’t wis wêze wol fan in plak op de earste rige, kin him melde as frijwilliger. “It wurdt in ûnferjitlike erfaring”, seit Claudia Woolgar fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Yn it spoar fan De Reuzen komt in flinke crew út Frankryk nei Fryslân. Mar om de hiele show op 17, 18 en 19 augustus mooglik te meitsjen, binne der ek in soad frijwilligers nedich. “En miskien is frijwilliger wêze noch wol leuker as te sjen lâns de kant”, sa seit Woolgar. 

Woansdei 11 april wurdt der in ynformaasjejûn holden oer it frijwilligerswurk by Royal de Luxe. De jûn begjint om sân oere en fynt plak yn it nije publykssintrum fan LF2018, yn it eardere Aegon-gebou oan de Langemarktstrjitte, rjocht tsjinoer it treinstasjon. 

Belangstellenden moatte alle trije dagen yn augustus beskikber wêze, in goeie kondysje hawwe en de Ingelske taal (Frânsk hoecht dus net) feardich wêze.

“It wurdt in unike erfaring, dy belofte doch ik no al”, seit Woolgar, lid fan it programmateam fan LF2018. “It is nammentlik de earste kear dat De Reuzen yn Nederlân komme.”De Reuzen besochten earder ûnder oare Liverpool, Mexico-stêd, Berlyn en Londen. Under de byienkomst op 11 april wurde fideo’s fan eardere Royal de Luxe-shows fertoand. 

Frij-Stiper
Yntusken hawwe al hûnderten minsken har as frijwilliger ynset foar eveneminten fan Kulturele Haadstêd. Sûnder frijwilligers soenen in soad produksjes net mooglik wêze. Noch altyd kin LF2018 de help goed brûke. Oanmelde kin fia de webside: www.frij-stiper.frl

LF2018 boud in bestân fan frijwilligers op dat ek de kommende jierren brûkt wurde kin. De database komt beskikber foar organisaasjes en eveneminten dy’t aanst de kar hawwe út hûnderten ferskillende profilen. Hans van der Schaaf, frijwilligerskoördinator by LF2018: “Frijwilligers hoege har noait twongen te fielen om altyd mar beskikber te wêzen. In kear gjin sin of tiid, dat kin altyd barre. Hast wol sin en tiid, dan stelst dy beskikber foar in evenemint nei foarkar.”

De frijwilligersbiblioteek bringt fraach en oanbod by elkoar, sa seit Van der Schaaf. Boppedat hat Fryslân in namme heech te hâlden as it om frijwilligerswurk giet. Ut sifers fan it Centraal Bureau voor Statistiek blykt nammentlik dat Fryslân it grutste oantal frijwilligers hat fan Nederlân. Van der Schaaf: “Mei elkoar de skouders derûnder. Yn Fryslân witte we dus hoe’t dat moat.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens