Ga naar inhoud
MAP
fy

FRL post nije leveransier fan Ljouwert-Fryslân 2018

FRL post hat him mei yngong fan hjoed as grutske leveransier ferbûn oan Ljouwert-Fryslân 2018. Der waard al in moai skoft gearwurke, mar fannemoarn is de oerienkomst op it kantoar fan LF2018 offisjeel ûndertekene troch John Bonnema (útfierend manager LF2018) en Niels Helbig (kommersjeel manager FRL). 

“De provinsje Fryslân is dit jier it poadium fan LF2018. Mei ferskate aktiviteiten, projekten en eveneminten biedt dit foar ús as Frysk bedriuw kânsen. Dêrneist litte we ús belutsenheid by de mienskip sjen”, seit Niels Helbig. 

FRL, de ekspert op it mêd fan besoarging, rjochtet him op it lanlik besoargjen fan adressearre post, it hûs-oan-hûs fersprieden fan (reklame)drukwerk en it distribuearjen fan pakketten en pallets. FRL is in fernijende, fleksibele organisaasje dy’t ynspilet op de ûntwikkelingen op de merk. 

Dit fertaalt him yn in hege servicegraad en in oantreklike taryfstelling. Krekt dêryn makket FRL it ferskil foar LF2018: ûndernimmers, produsinten en de mienskip kinne yn 2018 tsjin spesjale tariven bestellingen pleatse op shop.friesland.nl. Dêr is merchandise en promoasjemateriaal te keap, dat by sosjale wurkpleats Pack&Zo ferpakt wurdt. FRL soarget foar al it transport en de besoarging. 

“We hawwe dit jier in grutte doelgroep te betsjinjen”, sa seit John Bonnema út namme fan LF2018. “Dit uteret him ûnder oare yn it adressearre ferstjoeren fan útnûgingen, it hûs-oan-hûs fersprieden fan ynformaasje- en foldermateriaal en it distribuearjen en ferstjoeren fan promoasjeartikels en merchandise.” Helbig: “Wy nimme yn guon gefallen in part fan de ferstjoerskosten foar ús rekken en komme hjirmei de mienskip temjitte.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens