Ga naar inhoud
MAP
fy

Fryske Matthäus Passion

It NNO grypt Leeuwarden Fryslân 2018 oan om faker yn Fryslân te spyljen. Neffens de Matthäus tradysje en spesjaal foar Ljouwert Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 bringt it NNO de Matthäus Passion yn it Frysk. De Dútske tekst is yn opdracht fan it NNO oerset troch komponist en tekstskriuwer Peter Sijbenga. "Yn wurdbyld en ynhâld bliuw ik sa ticht mooglik by de orizjinele tekst", leit er út. "Mar soms is oersetten in bytsje skeine. As ik der mei in letterlike oersetting net hielendal útkom, kies ik foar it fêsthâlden oan metrum en rym en sykje ik nei wurden en sinnen dy't it bêste passe by betsjutting en gefoelswearde."

De Fryske taal lient him neffens Sijbenga poerbêst foar in oersetting út it Dútsk.

"It Frysk leit wat linichheid oangiet yn klank faak tichter by it Dútsk as it Nederlânsk. Troch it twalûd dat geregeld foarkomt, sit der in noflike elastisiteit yn de lûden. It Frysk hat ek faak deselde wurdfolchoarder as it Dútsk. Sa lit it Dútske ‘etwas sehen können’ him yn it Frysk oersette as ‘wat sjen kinne’, wylst dat yn it Nederlânsk ‘iets kunnen zien’ wurdt.”

By de konserten yn De Harmonie, De Oosterpoort, De Lawei en Theater Sneek is der in ynlieding troch Thiemo Wind.

Speeldata en locaties
Donderdag 22 maart, Leeuwarden, Harmonie.
Vrijdag 23 maart, Dokkum, St. Martinuskerk.
Zaterdag 24 maart, Harlingen, Grote Kerk.
Dinsdag 27 maart, Drachten, De Lawei.
Donderdag 29 maart, Groningen, De Oosterpoort.
Vrijdag 30 maart, Sneek, Theater Sneek.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens