Ga naar inhoud
MAP
fy

Fryslân earste provinsje mei eigen betelmunt

Wistest dat Fryslân as alderearste Nederlânske provinsje in eigen betelmunt krijt? De Koninklijke Nederlandse Munt (KNM) introdusearret nammentlik it Ljouwerter Fyfke (Leeuwarden Vijfje). Dizze munt is ûntwurpen ter eare fan Ljouwert-Fryslân 2018. 

It ûntwerp
Oanlieding foar it Ljouwerter Fyfke is dat Ljouwert-Fryslân útroppen is ta Kulturele Haadstêd 2018 fan Europa. Op de munt steane typysk Fryske skaaimerken as de juwielen fan Mata Hari, de grutte Fryske wetters fol ikoanyske Fryske sylboaten en de prachtige Fryske hynders, mei rûnom Fryske pompeblêden. It ûntwerp is makke troch keunstner Navid Nuur, mei as útgongspunt: ‘Mei in betinkingsmunt fiere je it libben, belibje je it momentum en eare je it ferline’. En dat is wis werom te sjen oan de munt, wêryn’t de moderne digitale en 3D-printtechniken byinoar komme mei de iuwenâlde Fryske hantwurktechniken fan houtsnijwurk en it muntambacht. In modern en tagelyk ek autentyk ûntwerp. 

Op tongersdei 29 maart 2018 fynt de seremoniele Earste Slach plak, mar de munt is al te bestellen op knm.nl

De munt wie ek te sjen yn it Jeugdjournaal fan 26 maart. Besjoch it item hjir

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens