Ga naar inhoud
MAP
fy

Fuort mei de fuortsmytmaatskippij

Yn it WTC hotel yn Ljouwert is ôfrûne wykein de eksposysje Woodboys, No (time to) Waste as ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 iepene. De tentoanstelling fan de Belgyske keunstner Griet Baeyens set besikers oan it tinken oer de fuortsmytmaatskippij. Foar har keunstwurken brûkt se inkeld materialen dy’t se lâns de dyk en yn kringloopwinkels fynt. It resultaat: Woodboys. Artistyke panielen, bankjes en lytse keunstwurken.

Woodboys litte sjen dat der in twadde libben is foar in soad materialen. Yn de basis binne woodboys houten panielen en balken dy’t yn de Belgyske stienhouwerijen brûkt binne. “Stienkappers seagje stiennen troch en einigje mei de seage tsjin in blok hout, oars giet de seage stikken. Hjirtroch ûntstiet der in seachsneed yn it hout. It hout smite se fuort wannear’t it fol sneden sit. It fuortsmiten hout bewurkje ik yn myn atelier.” Elk wurk is troch de seachsneden unyk.

De Fries-be
Griet hat in Woodboy spesjaal foar Ljouwert-Fryslân 2018 makke. Fries-be hjit er. Der hingje in pear redens oerhinne dy’t yn in hiel fier ferline de Alvestêdetocht riden ha. De seachsneden út it foarrige libben fan it paniel lykje krassen yn it iis. It LF2018-logo pronket dernjonken. Oan de achterkant hingje bakjes en rekjes foar foldermateriaal. De Fries-be tanket syn namme oan ús provinsje, it rûne logo dat troch syn foarm neffens Griet op in frisbee liket en ús kultuer: it Frysk wêzen.

Gabriel's Oboe
Fiifentweintich fan de tritich Woodboys binne ferneamd nei titels fan muzyk wêr’t Griet ûnder it meitsjen nei lústere. Sa sjogge we ‘Gabriel’s Oboe’ werom yn in wurk mei in krús en twa figueren dernjonken. “Jezus en de apostelen”, seit Griet. “Gabriel’s Oboe is foar de film ‘The Mission’ makke, wêryn’t in kristlike pryster troch in Súd-Amerikaanske stam oan it krús bûn en yn in rivier smiten wurdt.” Sa hat elk wurk in link mei in liet. 

De panielen binne net allinne artistyk, mar ek funskjoneel. Kinst se brûke om in romte op te dielen of in rêstich hoekje te meitsjen. Der binne meardere bankjes yn ferskillende maten. Ien fan de keunstwurken hat sels fersljochting. Alle wurken út de eksposysje binne te keap. “Ik hoopje mei in lege bus werom te gean nei België”, laket de keunstner.

Fuortsmytmaatskippij
Griet hat langstme nei de tiid wêryn’t produkten makke waarden om in libben lang mei te gean. “Tsjintwurdich smite we alles al nei in jier fuort om’t it út ‘e moade is”, seit de Belgyske keunstner. “It is foar in part de skuld fan de konsumint mar seker ek fan de produsint. Dy seit dat eat út ‘e moade is en dan folgje de konsuminten.” Wa’t by griet yn ‘e hûs komt, sil sjen dat se sels hiel bewust dwaande is. “In grut part fan de produkten yn myn keuken is fairtrade. Ik reizgje sels ek leaver mei de trein as mei it fleantúch, om’t it fleantúch folle slimmer foar it miljeu is.”

Brugge 2002
Griet hat yn 2002 meidien oan Culturele Hoofdstad van Europa Brugge. “Ik die net mei mei myn eigen wurk, mar mei Kinderatelier Octopus. Dat is in skoalle foar byldzjende keunst foar bern tusken de seis en tolve jier.” De keunstner sjocht in soad ferskil tusken Brugge doe en Ljouwert no. “It is yntusken al sechstjin jier lyn, mar wat ik my herinnerje kin is dat it by Brugge benammen draaide om keunst yn it algemien. Mei teater, keunst, ensafuorthinne. Ljouwert-Fryslân 2018 hat in unyk karakter en giet oer de Friezen en de Fryske kultuer. Dat fyn ik hiel moai. De organisaasje set in hiel oardene en dúdlik programma del. Der komt in oantal keunstners út it bûtenlân, dat is sa, mar it oergrutste part is troch de Friezen sels dien.”

Kom del
De eksposysje is noch oant 25 april yn de lobby fan it WTC Hotel yn Ljouwert te sjen, dêrnei ferhúzet er nei it NDC-gebou. Dêr is er oant 6 augustus te besykjen. 

 

Tekst: Mark Grupstra / Foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens