Ga naar inhoud
MAP
fy

Gedicht ‘De Stêd’ fan Tsjêbbe Hettinga

Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) skreaun it gedicht De Stêd. It giet oer Ljouwert, mar it jout tagelyk in universeel byld fan de stêd. Ljouwert hat deselde grutte-stedsproblemen en -kwaliteiten as oare stêden yn Europa. Tsjêbbe Hettinga koe mei syn prachtige unike foardracht yn kombinaasje mei in yndrukwekkend úterlik syn Fryske gedichten út ‘e holle op ûnferjitlike wize foardrage. Tsjêbbe wie blyn, hie in grutte snor en spruts mei in swiere, sonoare stim. Like werkenber as unyk. Hy wist troch in soarte fan universele taal yn in beswarrende kadâns in emoasje by minsken te reitsjen, wêr dan ek op ‘e wrâld.  

By de earste ronde, yn 2012, fan Ljouwert-Fryslân as kandidaat kulturele haadstêd fan Europa yn 2018, droech Tsjêbbe Hettinga op syn eigen karakteristike wize dat gedicht yn ien klap foar oan de ynternasjonale sjuery. Hy makke in ferpletterjende yndruk. De tekst fan it gedicht stie ek op it omslach fan it bidbook fan Ljouwert-Fryslân. Tsjêbbe oerrompele de sjuery: Ljouwert gie troch nei de twadde ronde. 

Tsjêbbe Hettinga ferstoar yn 2013. By de twadde ronde yn dat jier waard syn gedicht De Stêd foardroegen troch sjongeres Nynke Laverman. 

It winnen fan dy twadde ronde is foar in grut part oan de ûnferjitlike ynbring fan Tsjêbbe Hettinga te tanken. 

DE STÊD

de stêd 

grôtfol stof en eagen skittering
droegen fan krûme terpen skouders
fol sissers – hark, it jok fan ’e tiid –
ring fan rusk yn in rûzich blokhûs

de stêd 

flanearjende rok fan wyn en feest
lapekoer foar in siel sûnder moer
mûtele fammen oare kant de grêft
yn tinzen ûnberikberheden 

de stêd 

fol swijende rjochten en sljochten
berabbe plichten lichtekoaien
gitswarte hynders túgjend moaien
geweld dat in izeren maagd omsmelt 

de stêd 

fan krêp waakse taf en mousseline
(glinsteret dêr de Tigris yn ’e Ie?)
sûnder boat en angel in fisker 
sjoch! dêr sit er dan nei binnen strûpt 

de stêd 

fan skriuwtafels en skimering 
nachts dan jit er yn dy indigo
raffels: mei de waffel in haffel 
út hytfanke Broadsje har waarm fleis

de stêd 

ûnder de reade stien en roazen 
it libertatis praesidium 
fan talen kroanblêden bûtergiel 
tinkbylden rap as hazzeskaden

de stêd

sneinsk gat en doarp bylkjend bestappend 
yn wjokjend wetterlân syn spegel
de kimen linten dykstrak yn ’t hier 
fan as sâlt sa trouwe see

de stêd 

metropolis en stêd fan stêden
skippen de sân seeën oerstjoerder
mei iepen earmen wrâldûntfanger
kwiksulver tusken tolf en achttjin

de stêd 

mei ’t sulverbit yn ’e bek túgjend 
fan Lahti oant Cádiz mei Yslân
op ’e sirkel mulpunt fan Europa
sintrum fan in see oan H twee O

de stêd

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens