Ga naar inhoud
MAP
fy

Helje no de leukste kaart fan Ljouwert

De leukste kaart fan Ljouwert is 10 febrewaris lansearre, en hy is ek noch ris fergees. Op de USE-IT Kaart, sa’t er hjit, stiet alles watst as toerist of nije studint witte wolst oer de stêd. 

USE-IT Kaarten binne no-nonsense, net kommersjeel, makke troch lokale jongeren en boppedat fergees. Gjinien betellet om op dizze kaart te kommen, it binne pakken oanwezen troch locals as in tof, nuver of noflik plak om hinne te gean. Dêrneist wurdst op in loftige wize meinommen troch de skiednis fan de stêd en it dwaan en litten fan har ynwenners. Yn hiel Europa binne der sa’n fjirtich oare stêden mei in USE-IT Kaart. Tanksij studinte Dieuwertje Slijkerman is Ljouwert no ek opnommen yn dit Europeeske netwurk. 

It idee
De Ljouwerter studinte kaam in oantal jierren lyn op in reis troch Europa yn oanrekking mei de USE-It Kaart. “Mei de kaart yn myn hân haw ik de meast toeristyske plakken ûntwykt en bin ik op plakken telâne kaam wêr’t guon locals net iens fan wisten. It fernuvere my dat der noch net sa’n kaart fan Ljouwert wie.” Dat wie sa’n oardel jier lyn.

Underwilens waarden de ideeën fierder útwurke, waarden der jildsjitters fûn en waard der in team gearstald. Marjolein Pas (bloemkolie) fersoarge de yllustraasjes foar de kaart, Henk Leutscher (A Guide to Leeuwarden) holp mei mei it skriuwen fan teksten en Rixt van der Linde en Job Oosterhof hawwe dit allegear yn in moai design stoppe. 

Helje ‘em op
USE-IT Leeuwarden is no op ferskate plakken yn de stêd fergees op te heljen. Ek is der noch in digitale ferzy op de webside www.use-it.travel en is der in fergeze app. De organisaasje is folslein sûnder winsteachmerk en hinget dan ek hielendal ôf fan donaasjes en sponsoren. Wolst it netwurk stypje? Gean dan nei de webside om in donaasje te dwaan. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens